Fergunning geitehâlderij Boyl útsteld nei takom jier

De ôfhanneling fan de oanfraach foar in grutte geitehâlderij yn Boyl is troch gemeente Weststellingwerf ferlinge oant 1 febrewaris. Earst soe op 1 novimber dúdlik wurde oft de fergunning der komme soe.
Geiten © ANP
Ut in brief oan minsken dy't beswier makken docht bliken dat "we meer tijd nodig hebben voor een weloverwogen beslissing", sa skriuwt de gemeente. Fiif ynwenners fan Boyl fine de útlis fan de gemeente lykwols net genôch.

Wet Openbaarheid van Bestuur

Se dogge in berop op de Wet Openbaarheid van Bestuur om der by de gemeente efter te kommen wêrom't de oanfraach foar de fergunning útsteld is. Advokatekollektyf MOB advisearret de tsjinstanners om dat ek te dwaan, sa't der mear dúdlikheid komt oer de fergunningsferliening.

Alternatyf plan

In ûndernimmer út Njjkerk wol oan de Boekelterweg de geitehâlderij opsette. De definitive keap fan de pleats hinget ôf fan de fergunning fan de gemeente. De ûndernimmer hat der al 70 bunder lân.
Tsjin it plan kaam ek protest, ûnder oaren fan de eigeners fan de camping derneist. De ûndernimmer hat kontakt mei se socht en kaam mei in oanpast plan: hy woe mei minder geiten komme. Dat soene der tusken de 1300 en 1500 wêze en dy soene dan brûkt wurde foar de fok, en net foar de molke. De camping wol graach dat de ûndernimmer dit ek mei de oare bewenners dielt.