EK shorttrack giet net troch: ISU kin gjin lokaasje fine

It Europeeske kampioenskip shorttrack giet yn jannewaris definityf net troch. Earder joech it Dútske reedrydbûn al oan it evenemint net mear organisearje te kinnen fanwegen de coronaregels. De ISU hat gjin alternatyf fine kind.
Suzanne Schulting pakte op it foarige EK fjouwer kear goud © ANP
It ynternasjonale reedrydbûn meldt dat it ek net slagget om it evenemint fan 14 oant en mei 16 jannewaris yn Dordrecht te hâlden. Dat hat de KNSB besocht, mar sûnder sukses.
"Nettsjinsteande de ynspanningen fan de KNSB om de organisaasje oer te nimmen, docht bliken dat it mei de coronabeheiningen net mooglik is om it te ferpleatsen", skriuwt de ISU.

Lêste test

It Europeeske kampioenskip soe it lêste toernoai wêze foardat de shorttrackers ôfreizgje nei Sina foar de Winterspelen yn Peking.
Op it lêste EK, ôfrûne jannewaris yn Poalen, pakte Nederlân fiif titels. Fjouwer dêrfan kamen op namme fan Suzanne Schulting. De oare gouden medalje wie foar de relayploech fan de manlju, dêr't de Friezen Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat diel fan útmakken.