Sparta terge troch útspraak Joey Veerman: "Dit is olie op het vuur!"

Sparta Rotterdam leaut wol yn in sukseske tsjin sc Hearrenfean, nettsjinsteande it feit dat de Rotterdammers dit seizoen pas twa kear wûnen. Dat fertelt Bart Vriends, ferdigener fan Sparta en podcastmakker, yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Bart Vriends is ien fan de trije inisjatyfnimmers fan de Cor Potcast. Dêryn praat er mei âld-Hearrenfean-keeper Maarten de Fockert en fuotballer Thomas Verhaar oer rânesaken en bysaken, sa as se it sels sizze.
Foar de wedstriid tusken sc Hearrenfean en Sparta woe Vriends ek wol efkes ferskine yn de SportCast. Se kinne de punten yn Rotterdam wol brûke, want se stean op it sechtjinde plak. "We hebben voor de winterstop nog een puntje of vier nodig, het liefst zes", wit Vriends.
De ferdigener tinkt dat it duel tusken beide ploegen sneon trije punten opsmite kin. "We hebben een succesje nodig, maar Heerenveen is wel een wedstrijd waarvan we het gevoel hebben dat we beter aan voetbal kunnen toekomen dan de laatste weken."
Dit fragmentje komt op repeat in onze kleedkamer.
Bart Vriends oer de útspraak fan Joey Veerman
Wat by Sparta helpe kin, is dat der yn Fryslân al praat wurdt oer de derby tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur. Dat is it kompetysjeduel nei Hearrenfean tsjin Sparta. Joey Veerman sei sneon it folgjende: "We krijgen nu Sparta en Cambuur, ik vind dat wij die twee wedstrijden ook gewoon moeten winnen. Ik denk dat we een betere selectie hebben dan Cambuur."
It liket der dêrmei op dat se yn it Abe Lenstra Stadion ek al foarsichtich oer Sparta-thús hinne sjogge. It is dúdlik, ek foar Vriends. "Dit is olie op het vuur. Dit fragmentje komt op repeat in onze kleedkamer", laket de ferdigener. "Het is heel simpel. Ik begrijp dat ze er op die manier over denken."

Cambuur

Dêr't Hearrenfean dizze wike in kreaze oerwinning behelle op Heracles Almelo (0-1), gie Cambuur it skip yn tsjin Vitesse (1-6).
Sportferslachjouwer Andor Faber oer de nederlaach fan Cambuur: "Henk de Jong dy't der net is, krekt as Mees Hoedemakers dy't hiel wichtich is en net te ferfangen. It binne allegear puzelstikjes dy't ûntbrekke en dan rinne je ek noch ris tsjin in Vitesse oan dat gewoan hiel goed wie ôfrûne sneon."
De einkonklúzje fan sportferslachjouwer Arjen de Boer is: "Se binne gewoan oerklast."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.