Aris ferliest fan Basketbal Academie Limburg

De basketballers fan Aris Ljouwert hat de wedstriid tsjin Basketbal Academie Limburg mei 76-69 ferlern.
Aris © Orange Pictures
Aris wie dwaande mei in goeie rige. De foarige wedstriid, fan twa wiken lyn, wie de tredde op rige dy't wûn waard troch de Ljouwerters. Dy goeie rige is no trochbrutsen.
De kommende trije wedstriden spilet Aris thús. De earste is woansdei tsjin Zwolle. Snein komt Amsterdam foar de beker, en freed komme de Rotterdammers nei Ljouwert.