Erotykshop soarget foar probleem op olympysk kwalifikaasjetoernoai curling

Meardere lannen wolle gjin bylden útstjoere fan it olympysk kwalifikaasjetoernoai curling, dat dizze dagen yn Ljouwert holden wurdt, omdat de namme fan in eroatyske webshop sichtber is.
Curlingmannen by in eardere demonstraasje fan de sport © ANP
De namme fan sponsor EasyToys is ûnder mear te sjen op de iisflier, krekt as de nammen fan oare sponsoaren. It fernuveret de organisaasje dat dêr no opskuor oer ûntstiet.
It toernoai is fan 5 oant en mei 18 desimber. Yn septimber waard bekend dat it OKT nei Ljouwert komme soe. Boargemaster Sybrand Buma wie dêr tige grutsk op, om't der oer de hiele wrâld omtinken foar wêze sil.
"Wij hebben duidelijke afspraken gemaakt met de World Curling Federation", seit Dagmar van Stiphout, projektmanager fan it toernoai yn Ljouwert tsjin it ANP.

'Zorgvuldig gehandeld'

"Zij weten wie onze partners zijn en daarvoor hebben we dus ook toestemming. We hebben heel zorgvuldig gehandeld", seit Van Stiphout. "Nu zijn we er achter gekomen dat een aantal broadcastpartners vindt dat ze de wedstrijden niet uit kunnen zenden."
It giet ûnder oare om Japan en de Feriene Steaten, dy't it toernoai net útstjoere wolle.

'We wachten de ontwikkelingen af"

In wurdfierder fan de erotykshop fynt it spitich dat sponsoring no opnij foar opskuor soarget. Foarich jier ferbea fuotbalbûn KNVB dat de namme fan de saak te sjen wie op de shirts fan FC Emmen. Nei oerlis waard dat letter noch wol tastien.
"We zijn wel verbaasd", seit de wurdfierder. "We zijn een net bedrijf en vinden curling een toffe sport waar we graag onze naam aan verbinden. Op dit moment wachten we de ontwikkelingen even af."