Sinteklazedei: dizze Fryske doarpen hawwe in bân mei de hillige Nikolaas

It Sinteklazefeest is basearre op it ferhaal fan de biskop Nikolaas fan Myra. Mear as 40 Fryske parochys hiene yn it iere ferline dizze hillige Nikolaas as patroanhillige en ûngefear 20 plakken yn de provinsje hawwe of hiene in tsjerke dy't nei him neamd is. En hy krige sels in doarp: Sint-Nyk.
Sinteklaas © ANP
De yn 2017 ferstoarne histoarikus Otto Roemeling hat syn libbenswurk makke fan it útsykjen fan gegevens oer hilligen en geastliken yn it noardlike part fan Nederlân. It ûndersyk dat er efterliet, is as 'Corpus Roemeling' digitaal ynsichtlik makke troch de Fryske Akademy.
Roemeling hat ûnder oare in oersjoch makke fan alle patroanhilligen dy't de Fryske midsiuwske parochys oant 1600 hiene. By de stichting fan in tsjerke krige sa'n parochy in patroanhillige mei. Dat wie in beskermhillige, dêr't de tsjerke oan wijd wie. Yn de katolike tsjerke waard sa'n hillige fereare.

Nikolaas fan Myra

Nikolaas wie ek sa'n hillige. Hy soe yn it begjin fan de fjirde iuw biskop yn Myra west hawwe, dat yn it hjoeddeiske Turkije lei. In soad minsken hiene wurdearring foar him. Yn it jier 550 waard Nikolaas hillich ferklearre. Der binne in soad leginden oer him, dêr't faak syn meilijen mei kwetsbere minsken sintraal stiet.
Sa soe Nikolaas goudstikken yn in hûs smiten hawwe fan in earme man dy't de breidsskat fan syn dochters net betelje koe. Sa foarkaam Nikolaas dat de famkes yn de protitúsje bedarren. Ek soe Nikolaas skipbrekkelingen rêden hawwe en brocht hy in ûntfierd jonkje werom nei syn mem.
De ferhalen makken dat der om de stjerdei fan Nikolaas hinne, 6 desimber, allerhanne folkstradysjes ûntstiene. Sa ek ús Sinteklazefeest.
Alle âlde parochys mei Nikolaas as patroanhillige © Google Maps | Omrop Fryslân
Wa't troch de samling fan Roemeling siket, komt sa'n 23 parochys yn it iere Fryslân tsjin dy't de hillige Nikolaas as patroanhillige hiene.

Fryske Nikolaasparochys

It giet om de (eardere) doarpen Appelskea, Blesdike, Blije, Britswert, Dearsum, Dykshoarne, Eagum, Easterwierrum, Eastrum, East-Flylân, Furdgum, Gau, Harkema-Opeinde, Hijum, Hjerbeam, Húns, Iens, Yndyk, Loaiïngea, Lollum, Miedum, Mullum, Nijeholtpea, Nijeholtwâlde, Nijemirdum, Nijetrine, Nijhuzum, Nijlân, Offenwier, Oldetrine, Pepergea, Piaam, Poppenwier, Rotsterhaule, Sint-Nyk, Skalsum, Skusum, Smelbrêge, Sniksweach, Sonnegea, Swichum, Wiuwert en Wynjeterp.
De Nikolaastsjerke fan Nijeholtpea út 1525 © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Fierder binne en wiene der ek ferskate tsjerken yn ús provinsje dy't de namme 'Nikolaastsjerke' krigen hawwe.
Dat is of wie it gefal yn Blije, Dearsum, Droegeham, Easterwâlde, Eastrum, Flylân, Hantum, Hantumhuzen, Himmelum, Hijum, Húns, Koarnjum, Miedum, Nijeholtpea, Nijlân, Offenwier, Pepergea, Piaam, Skalsum, Sint-Nyk, Sonnegea, Starum, Swichum en Wiuwert.
Plakken dêr't Sint Nikolaastsjerken binne of wiene © Google Maps | Omrop Fryslân
De hillige Nikolaas krige sels in doarp: Sint-Nyk. Dat doarp wurdt yn 1275 foar it earst yn it Latyn 'Ad stum Nycolaum' neamd, oftewol: 'by de hillige Nikolaas.'
En yn Iens stiet oan de Boalserter Trekfeart in pleats dy't de namme 'Sinteklazepleats' hat. Eartiids waard wol sein dat Sinteklaas dêr berne wie.
De Sint Nikolaastsjerke fan Sint-Nyk © Shutterstock.com (Pedal to the Stock)