FIDEO: Tsjerketsjinst út de menistetsjerke yn Ljouwert wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst út mei in oekumenysk karakter. Dizze snein wiene wy yn de menistetsjerke fan Ljouwert, oan de Wurdumerdyk. De tsjinst waard fersoarge troch de Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden.
De foargonger wie Roelof Akse. In koarte meditaasje waard fersoarge troch Jan van Belle en prof. dr. Arjo Klamer hold in preek wêryn't hy de minsken meinimme woe yn de betsjutting fan it bibelske boadskip foar it deistige libben.
Muzikale begelieding wie der fan Oeds Wijnsma op piano en sang kaam fan Marijke Beute, Jan Altenburg, Willem Wouda en Sjouke Bosma.
Klik hjir foar de litury fan de tsjerketsjinst.