Liveblog | 5 desimber 2021

Coronanijs 5 desimber: Man wie 'deasiik' mar wol noch hieltyd gjin prik

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer it coronafirus
Lêst bywurke: 5 desimber 2021, 22:29
18:20

Bernedokters ûniens oer faksinaasje fan bern ûnder de 12

Alle bern tusken de 5 en 11 jier soene faksinearre wurde moatte kinne tsjin it coronafirus. Dat sizze de Vereniging van Jeugdartsen (AJN) en meardere bernedokters tsjin Nieuwsuur. Se wize op de foardielen fan faksinaasje, ek by jonge sûne bern. Dêrmei wike se ôf fan it stânpunt fan de Nederlandse Vereniging voor Kindergeneeskunde (NVK).
Yn Nederlân kinne bern ûnder de 12 jier gjin faksin krije, mar meardere bernedokters wolle dat it wol mooglik wurdt.
18:03

Grinzer saakkundigen kreakje corona-oanpak: " Zo bestrijd je geen pandemie"

Saakkundigen út Grins binne kritysk op it demisjonêre kabinetsbelied dat de coronakrisis bestride moat. Dat meldt RTV Noord. "Nederland probeert altijd slimmer te zijn dan de rest van de wereld. Dat kan, maar je moet ook erkennen als dat niet lukt."
Foar heechlearaar Jochen Mierau is it dúdlik: it Nederlânske coronabelied wurket net. "Er zijn drie uitgangspunten: zicht op het virus, kwetsbaren beschermen en zorgen dat de ziekenhuizen niet overbelast raken. Dat zijn mooie doelen, maar dan moet je ook beleid voeren wat dat haalt."
It slagget net. Mierau giet se ien foar ien by del. We zitten op een breekpunt van de testcapaciteit en zijn het zicht op virus verloren. De ziekenhuizen liggen vol en daar dreigt code zwart. En de kwetsbaren beschermen? Dat lukt ook niet echt. Blijkbaar halen we die uitgangspunten niet."
17:48

GGD wegeret alle dagen tsientallen foardringers foar boosterprik

De GGD's sizze sûnt de start fan de boosterkampanje alle dagen gemiddeld 150 ôfspraken ôf foar de ekstra prik, neidat de leeftiid fan ien kontrolearre is. It giet dan om minsken dy't net yn de goeie doelgroep falle.
It ANP melde hjoed dat it mooglik is om foar de dringen by it heljen fan in prik. Ien dy't yn 1967 berne is, hie op de ôfsprakesite fan de oerheid 1937 ynfold om no al in faksinaasje te krijen, en dat slagge. De leeftiidsgrins leit op dit stuit by 1942.
16:20

Mooglik tekoart oan ûntstekkingsremmers reuma

Reumapasjinten hawwe noed oer harren ûntstekkingsremmers. Begjin 2021 waard dúdlik dat reumamedisinen ek it coronafirus ôfremje kinne. De fraach nei de ûntstekkingsremmers is dêrnei eksplodearre. No driget der in tekoart te ûntstean, seit de NOS.
© ANP
16:05

Soargen yn Denemarken: 183 omikrongefallen

Denemarken meldt dat der al 183 gefallen fan de omikron-fariant yn it lân oantroffen binne. Snein melde de Europeeske sûnenstsjinst ECDC noch 182 gefallen yn de Europeeske Uny, mar dat oantal is dus alwer efterhelle.
De Deenske autoriteiten fine it in 'soarchlike ûntwikkeling'. Ek yn it Feriene Keninkryk rint it tal ynfeksjes mei de omikron-fariant hurd op. Dêr binne 246 besmettingen registrearre.
15:47

Strangere leeftiidskontrôle foar boosterprik

GGD GHOR seit dat der op faksinaasjelokaasjes stranger kontrolearre wurde sil oft minsken al oan bar binne foar de boosterprik. "Het is uitermate onfatsoenlijk om ten koste van anderen te denken dat je voorrang moet hebben. En fraudeert bij het invullen van de gegevens", seit in wurdfierder.
It beslút komt nei oanlieding fan in berjocht fan it ANP dat immen út 1967 al in boosterfaksin hân hat, wylst hy noch net oan bar wie. Neffens de GGD sizze se eltse dei al 150 ôfspraken mei minsken dy't noch net oan bar binne ôf.