Cambuur werom op ierde nei ôfstraffing tsjin Vitesse

SC Cambuur hat sneon mei romme sifers ferlern fan Vitesse. It duel tusken de nûmers fiif en seis fan de earedivyzje wie gjin momint spannend (1-6).
© Orange Pictures
By Cambuur wie trainer Henk de Jong der troch sykte net by. Ek Mees Hoedemakers ûntbruts troch in ankelblessuere. Hy waard ferfongen troch Mitchel Paulissen yn de basisopstelling.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Paulissen, Jacobs, Maulun; Breij, Uldrikis en Kallon.
Der barde net in soad yn de iepeningsfaze. Nei rom 15 minuten krige Cambuur pas de earste kâns. Michael Breij skeat lykwols oer.

Tronstad fynt de boppehoeke

Vitesse hie ek net folle driging, mar nei 26 minuten kamen sy wol op foarsprong. Nei in hoekskop krige Sondre Tronstad de bal op de râne fan it strafskopgebiet en de Noarske middenfjilder fan Vitesse skeat de bal knap yn de boppehoeke: 0-1.
Tronstad en Bazoer jubelje nei de 0-1. © Orange Pictures
Fuort dêrnei hie Loïs Openda der 0-2 fan meitsje moatten, mar keeper Sonny Stevens koe de bal tsjinhâlde. Noch gjin twa minuten letter hie Stevens gjin antwurd op in ynset fan Openda. De oanfaller fan Vitesse kaam nei binnen ta en skeat yn de koarte hoeke raak.

Utstel, mar gjin ôfstel

Nei in rappe counter fan Vitesse ûntkaam Cambuur oan 0-3 doe't Daan Huisman each yn each mei Stevens de bal njonken skeat. Dat wie lykwols in kwestje fan útstel en net fan ôfstel. Thomas Buitink passearre Stevens út in drege hoeke wei: 0-3.
© Orange Pictures
Krekt foar it skoft die Cambuur noch wol wat werom. Nei in frije traap fan Robin Maulun kaam de bal terjochte by Marco Tol. Tichteby de goal koe Tol de bal der ienfâldich yn tikje: 1-3.

Klap nei klap

Fuort nei it skoft krige Cambuur wer in klap te ferwurkjen. Tronstad helle wer ris út en wer wie Stevens kânsleas: 1-4. It waard noch slimmer foar de Ljouwerters. Dat kaam foar in grut part troch in flater fan Stevens: de doelman liet de bal los wêrnei't Openda de bal sa yn it doel tikje koe: 1-5.
Jamie Jacobs baalt fan wer in tsjingoal © Orange Pictures
Cambuur besocht dêrnei de skea te beheinen, mar dat slagge net. Cambuur hie in frije traap, mar Vitesse countere hiel fluch. Openda koe op it doel ôf en spile de bal nei ynfaller Nikolai Baden Frederiksen. Frederiksen skode de bal sûnder problemen yn it doel: 1-6. Dat wie ek de einstân. Cambuur sakket foarearst nei it sechsde plak.