Meardere minsken ferwûne by ûngelok mei fiif auto's by Dearsum

Op de N354 yn de buert fan Dearsum hat sneontemiddei in ûngelok mei fiif auto's west. Ien persoan hat beknypt sitten yn in auto. De helptsjinsten hawwe it slachtoffer derút krigen.
© BTBFOTOGRAFIE
By it ûngelok binne meardere minsken ferwûne rekke. De dyk wie ôfsletten tusken Nykleaster en Dearsum. It ferkear fan en nei Snits moast dêrom rekken hâlde mei opûnthâld.
De auto's wiene bot skansearre: