Tsientallen minsken wolle mei Maarten swimme yn Dokkum

Tsientallen minsken ha har opjûn om mei Maarten van der Weijden mei te swimmen, as er yn Dokkum is om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei kanker. Dat meldt de organisaasje fan de swimtocht.
© Maarten van der Weijden Foundation
Van der Weijden swimt fan 10 oant en mei 13 desimber yn in spesjaal swimbad in ôfstân fan 200 kilometer. Publyk is net wolkom, yn ferbân mei de maatregels dy naam binne om fersprieding fan it coronafirus safolle mooglik te beheinen.
Earst wie it de bedoeling dat it swimbad yn it sintrum fan de stêd komme soe, op in plak dy't tagongklik wie foar it publyk, mar yn ferbân mei de coronaregels stiet it swimbad no yn de binnentún fan in hotel. Dat meldt de organisaasje.
De organisaasje seit dat Van der Weijden it publyk "dat him by syn tocht yn 2018 en 2019 sa stipe hat" hiel bot misse sil.
Yn 2018 en 2019 hat Van der Weijden de alvestedetocht swommen om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Yn 2018 kaam er net fierder as Burdaard. Yn 2019 hat er Ljouwert wol helle.
Yn totaal hat Van der Weijden yn dy jierren mear as 10 miljoen euro ophelle foar it ûndersyk.
"Ik heb warme gevoelens aan Friesland, en aan het keerpunt hier in Dokkum", sei Van der Weijden tsjin de lokale omrop RTV NOF, doe't er oankundige dat er opnij yn Dokkum swimme soe.
"Ik kan me geen mooiere plek voorstellen dan hier in Dokkum, om nog een keer de elfstedentocht te zwemmen."
By de oankundiging fan syn swimtocht swom Van der Weijden yn de grêft fan Dokkum. Dat wie him eins te kâld, sei er:
Minsken dy't Van der Weijden stypje wolle, kinne wol mei him meiswimme. Dêrfoar komt der in twadde swimbad te stean njonken it bad dêr't Van der Weijden sels yn swimt.
De organisaasje meldt dat minsken har noch altyd opjaan kinne, as se meiswimme wolle. Dan moatte se wol in bedrach betelje dat ten goede komt oan it doel dêr't Van der Weijden foar swimt.

Wrâldrekôr

Koartlyn swom Van der Weijden yn Eindhoven 32 oeren achter mekoar yn itselde swimbad dat aanst yn Dokkum stiet, om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei kanker by minsken mei in beheining. It wie in wrâldrekôr, mar it bedrach dat er foar eagen hie, is noch net by mekoar. Neffens de organisaasje is der noch 35.000 euro nedich.
Ien wike foardat Van der Weijden los giet mei syn tocht yn Dokkum ropt de organisaasje hiel Fryslân no opnij op om him te stypjen.