Radio-ûntfangst kin beheind wêze troch stroomsteuring by stjoermêst

Troch in stroomsteuring by de stjoermêst yn Smilde kinne minsken problemen mei de ûntfangst fan radiostjoerders ûnderfine op FM en DAB+. Omrop Fryslân sit der foar it súdeasten fan de provinsje ek mei in stipestjoerder foar 92.5 FM.
© Omrop Fryslân
Guon minsken soene dus problemen hawwe kinne om Omrop Fryslân te ûntfangen. Foar de DAB+-harkers falt it nei alle gedachten ta, om't dat ek út Jirnsum wei regele wurdt.
It is noch net dúdlik hoelang't de steuring duorje sil. Der wurdt wol oan in oplossing wurke.