Liveblog | 4 desimber 2021

Coronanijs 4 desimber: Prinses Beatrix (83) test posityf op coronafirus, sit yn thúsisolaasje

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 4 desimber 2021, 23:01
sneon 4 desimber 2021
23:00

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog. Tank foar it folgjen. Moarnier is der wer in liveblog.
21:11

RVD: Prinses Beatrix posityf test op coronafirus

Prinses Beatrix is posityf test op it coronafirus. Dat meldt de RVD.
"Hare Koninklijke Hoogheid Prinses Beatrix de Nederlanden is positief getest op corona. Prinses Beatrix heeft zich in verband met milde verkoudheidsklachten laten testen. De Prinses is thuis in isolatie en houdt zich aan de leefregels voor mensen die positief getest zijn. Personen die in nauw contact zijn geweest met Prinses Beatrix zijn geïnformeerd."
Beatrix wie foarige wike noch foar in wurkbesite op Curaçao. Dêr fertelde se oan de parse dat se har boosterprik al hân hat.
19:01

Tûzenen minsken wolle GGD helpe mei prikken

Sa'n 6.500 minsken ha har meld by de GGD omdat se helpe wolle mei it setten fan boosterprikken. Koepelorganisaasje GGD GHOR Nederlân is dêr troch rekke, seit in wurdfierder.
"Het is fantastisch dat burgers en organisaties zich in zulke groten getale melden." Neffens de GGD komme de oanmelders "vanuit alle hoeken van de samenleving".
18:53

GGD Hollands Midden hâldt op mei boosterprikken sûnder ôfspraak.

De GGD Hollands Midden hâldt op mei it oanbieden fan boosterprikken sûnder ôfspraak.
Mear as 2100 minsken ha hjoed sûnder ôfspraak in boosterprik tsjin corona krigen by de GGD Hollands Midden. It wie de hiele dei drok by de priklokaasjes.
It ferkear rekke ferstopt, en dat wie net de bedoeling. "Er komen bij de priklocaties ook nog mensen voor een eerste of tweede prik en er zitten testlocaties vlakbij", sei in wurdfierder fan de GGD.
Oft oare regio's minsken sûnder ôfspraak in booster jaan sille, is net bekend. De lanlike regel feroaret net, seit de GGD-koepel: "Van oud naar jong en op basis van uitnodiging".
16:31

Maarten van der Weijden swimt opnij yn Fryslân; publyk net wolkom

Van der Weijden swimt fan 10 oant en mei 13 desimber yn in spesjaal swimbad in ôfstân fan 200 kilometer. Publyk is net wolkom, yn ferbân mei de maatregels dy naam binne om fersprieding fan it coronafirus safolle mooglik te beheinen.
Dochs kinne minsken wol mei him meiswimme. Dêrfoar komt der in twadde swimbad te stean njonken it bad dêr't Van der Weijden sels yn swimt.
15:30

RIVM meldt 774 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 774 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 104 minder as freed. Doe waarden 878 besmettingen meld.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 22.723. Dat is heger as it trochsneed fan ôfrûne wike, dat op 21.666 besmettingen lei.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat is in ynwenner fan de gemeente Harns.
Der binne sân Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân (twa), Achtkarspelen, Ljouwert, Eaststellingwerf, Smellingerlân en Dantumadiel.