Michael Breij libbet likegoed op as bûten it fjild op in rôze wolk

It is oardel moanne lyn dat Michael Breij foar it lêst oan de ôftraap stie by in earedivyzjewedstriid fan SC Cambuur, mar sneon mei de oanfaller him wer fan it begjin ôf sjen litte.
Michael Breij libbet al wiken op in rôze wolk:
De rol fan Breij yn it sukses fan Cambuur wie wat minder grut de lêste wiken. Mids oktober stie de oanfaller foar it lêst yn de basis yn de útwedstriid tsjin Fortuna Sittard. Dêrnei krige er corona en rekke er syn basisplak kwyt oan David Sambissa en Nick Doodeman.
Sneon mei Breij him wer fan it begjin ôf sjen litte tsjin Vitesse. Nettsjinsteande dat er net yn de basis stie, belibbe hy de triomftocht fan syn ploechgenoaten wol mei. "Iedereen is verbaasd dat we het zo goed doen. We krijgen veel complimenten dat we met goed voetbal punten halen. Dat is fijn om te horen."
Hij zei: "Als jullie zo doorgaan, kunnen we Europese avonden gaan beleven."
Michael Breij krige in appke fan syn bêste freon
It moaiste komplimint krige Breij fia in appke fan syn bêste freon. "Hij zei: "Als jullie zo doorgaan, kunnen we Europese avonden gaan beleven." Wij maken daar ook grapjes over. Maar we weten dat we nog aan de bak moeten. Een dolletje is mooi, maar we moeten nog wel eventjes."

Net sweve

De grutte fraach is oft de Cambuurseleksje de holle koel hâlde kin ûnder alle positive kritiken. Breij tinkt fan wol, om't yn syn eagen de seleksje nochter genôch is. Oan de oare kant fernimt er wol dat it wat mei de ploech docht. "Tuurlijk ga je wel een beetje zweven. Volgens mij is het nog nooit gebeurd dat we het zo goed doen. Je krijgt er ook vertrouwen uit dat we Vitesse kunnen pakken. Je gaat wedstrijden anders beleven."
Wêr sit dat oare belibjen him dan krekt yn? Breij: "In het begin was het nog van: hier kunnen we een puntje pakken, daar kunnen we winnen. Je gaat er nu wel anders naar kijken."
Michael Breij © Orange Pictures
Corona is dus de reden dat de oanfaller twa wedstriden mist hat. En dat wylst it krekt goed mei him gie. "Het was voor mij wel lastig. Ik zat er lekker in en ik had ook echt het idee dat ik volledig basisspeler was. Daarna ben ik ziek geworden", fertelt Breij, dy't de lêste twa wedstriden wer ynfalle mocht.

Mear as fuotbal

En sa makke hy de oerwinningsrige fan Cambuur wol mei. En dus libbet hy op it fjild op de rôze wolk. Mar dat net allinnich. Ek dêrbûten giet it Breij foar de wyn. Koartlyn ferskynde in berjocht op syn Instagramside, wêryn't te sjen wie dat er syn freondinne om houlik frege.
"Ja, ik heb mijn vriendin ten huwelijk gevraagd", seit Breij. "We zijn achtenhalf jaar samen. Ik ken haar al vanaf groep zes. Dat is naast voetbal ook een roze wolk. Het gaat goed, zeker", laket de 24-jierrige fuotballer.
Breij spilet sneon mei Cambuur thús tsjin Vitesse. Dy wedstriid begjint om 18.45 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 18.30 oere. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.
Neist it ferslach fan Cambuur tsjin Vitesse binne we ek live by sc Hearrenfean tsjin Heracles Almelo én de kuorbalwedstriid tusken LDODK en Dalto.