Punt foar Hearrenfean by hikkesluter, primeur foar Libertas

Yn de frouljusearedivyzje is sc Hearrenfean op besite by hikkesluter Excelsior net fierder kaam as in lykspul. De wedstriid yn Rotterdam einige yn 2-2.
Kristen McFarland © Orange Pictures
Nei't yn de begjinfaze in goal fan Excelsior net trochgong om bûtenspul, sette Kristen McFarland de Friezinnen op foarsprong. Foar de Amerikaanse wie it har earste goal yn it shirt fan Hearrenfean.
Dêrnei krige Excelsior tal fan kânsen en yn de blessueretiid fan de earste helte wie it raak foar de thúsploech. Sabrine Ellouzi skoarde.
Nei it skoft sette Chimera Ripa Hearrenfean wer op foarsprong, mar de blydskip duorre net lang. Mei in kopbal soarge Daniëlle Noordermeer foar de lykmakker. Dêr bleau it by.

Earste winst Libertas

Yn in kreaker ûnderyn de earedivyzje sealfuotbal pakte Libertas út Driezum nei sân wedstriden de earste oerwinning fan it seizoen. Tsjin hikkesluter Zeemacht út Den Helder waard it 3-1. De doelpunten kamen fan Mariska Bosma, Silke van der Wal en Sam Bosma. Josefien Slump makke har debút.
Drachtster Boys reizge foar neat ôf nei Amsterdam foar de útwedstriid tsjin Os Lusitanos. Der lei te folle hars op de flier, wêrtroch't it net feilich wie om te spyljen.