Siem de Jong wer fit, mar Henk Veerman yn de basis tsjin Heracles

Siem de Jong komt nei trije wedstriden werom yn de seleksje fan sc Hearrenfean foar de wedstriid tsjin Heracles Almelo. Dochs begjint Henk Veerman wer yn de spits.
Johnny Jansen: "We zullen niet zoveel veranderen":
Arjen van der Heide sit noch net by de seleksje. Hy hat dizze wike wol wer meitraind, mar is noch net fit genôch om wer oan te sluten.

Jansen feroaret net in soad

Trainer Johnny Jansen begjint sneontejûn mei ien feroaring yn ferliking mei de wedstriid tsjin PSV fan ôfrûne snein. Allinnich Rodney Kongolo begjint wer op de bank. Foar him yn it plak komt Anthony Musaba, dy't tsjin PSV ûntbruts mei in skorsing.
Jansen giet dêrmei ek werom nei in 4-3-3-formaasje yn stee fan de 4-5-1 tsjin PSV. "Het is maar net welke kritiek je hebt op die 4-5-1, maar het liefst spelen wij buitenspelers zo hoog mogelijk op het veld. Soms zal het zo zijn dat we 4-3-3 spelen, soms zal het zijn dat we met drie man achterop spelen."
Opstelling: Mous; Van Ewijk, Van Beek, Bakker, Kaib; J. Veerman, Madsen, Halilovic; Musaba, H. Veerman en Stevanovic.
Benjamin Nygren is no oardel jier by Sportklup Hearrenfean. De 20-jierrige Sweed spile yn totaal 39 wedstriden. Dat klinkt as hiel wat, mar dêr sitte mar 18 basisplakken by.
Benjamin Nygren: "Ik wol gewoan spylje":
"Yn de wedstriden dy't ik de lêste tiid spylje by it twadde, ha ik it idee dat ik my goed sjen lit", seit Nygren. "Ik ha dizze wike ek twa kear skoard tsjin FC Groningen. Mear kin ik net dwaan."

Ofwachtsje

Nygren stie tsjin PSV net yn de basis, wylst der wol guon blessueres wiene. Dochs is er net nei trainer Jansen tagien om te freegjen wêrom't er net spile. "Dat is syn beslissing. As hy my de reden fertelle wol, dan kin hy mei my prate. Ik kin him net fertelle wat er dwaan moat. Ik gean echt wolris nei de coach om te praten, mar no tocht ik: ik wachtsje efkes ôf."
De wedstriid tusken Heracles Almelo en sc Hearrenfean begjint sneon om 21.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries.
It sportprogramma begjint al om 18.30 oere, mei ek omtinken foar Cambuur - Vitesse én de kuorbalwedstriid tusken LDODK en Dalto.