Fakatueren fan Fryske sikehuzen hast net te foljen

03 des 2021 - 22:56

De tekoarten oan soarchpersoniel bliuwe grut. Nije ynstream is der, mar net genôch. It bliuwt knipen by de Fryske sikehuzen. Foarsitter Michiel Kahman fan Zorg voor het Noorden stelt dat it sa net de goede kant op giet. Hy wol it oplieden fan personiel oars oanpakke.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: ANP

In lytse rûngong troch it tal fakatueren by de Fryske sikehuzen jout fuort al in byld. By Nij Smellinghe yn Drachten kinne sa fiif coronaferpleechkundigen oan de slach.

Fryske sikehuzen

Dat jildt ek foar it Antonius Sikehûs yn Snits, seit Mente Kroon. Dêr stean seis fakatueren iepen yn it sikehûs, mar ek noch 18 foar de thússoarch. Op It Hearrenfean, by sikehûs Tjongerschans, giet it ek om 11. Fan it MCL yn Ljouwert binne noch gjin sifers mar in blik op de fakatuerebank smyt fuort al in lytse 20 iepensteande funksjes op.

Provinsjes meitsje ôfspraken

Dat probleem is net samar oplost. Dêrom hawwe de sikehuzen fan de trije noardlike provinsjes mei-inoar ôfspraken makke. Sy liede minsken foar inoar op om't der oars oer de hiele liny hege tekoarten ûntsteane, seit Kahman. "Een IC-verpleegkundige opleiden kost tijd. Maar door de crisis van nu lukt het minder goed om op te leiden. We lopen achter."

Oars opliede

Kahman wol dan ek dat der yn de takomst oars oplaat wurdt: "Je moet kijken naar innovaties. Dus dat je veel meer gaat simuleren. Dan kun je tijdens een crisis toch mensen gereed maken voor het echte werk."

Yn it MCL - Foto: Omrop Fryslân

Neffens him wurket de ûnderlinge gearwurking yn Zorg voor het Noorden ek goed: "We concurreren onderling niet. Want stel dat Nij Smellinghe iemand uit het MCL wegsnoept, dan ontstaat er direct een probleem dat ze zelf mogen oplossen. Dat helpt dus niet. Natuurlijk is er doorstroom, maar in de meeste gevallen gaat het dan om andere functies."

Ambulânse-oerstap

Ek komt it foar dat IC-ferpleechkundigen de oerstap meitsje nei de ambulânsetsjinst. "Daar worden de ziekenhuizen minder blij van", seit Kahman. "Meestal komt dat toch door de werkdruk, de onregelmatige diensten. Bij de ambulancedienst zijn ze er wel blij mee. Zij krijgen een goed opgeleid persoon in de wagen."

Neffens Kahman bliuwt de krapte foarearst noch wol bestean. Dochs is hy net alhiel negatyf: "De uitstroom van mensen, de uitval, valt mee. Mensen zijn hier vrij honkvast. Maar er zijn wel te weinig en dat aantal moet omhoog gebracht worden. Dat kan door goede opleidingen aan te bieden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)