Gemeenten meie in part fan de nijbou-keaphuzen tawize oan eigen ynwenners

Gemeenten meie yn de takomst in part fan de nijboude keapwenten tawize oan eigen ynwenners. Dat hat it ministearje fan Ynlânske Saken bekend makke. It giet om 30 persint fan de sosjale keapwenten. It giet om huzen oant 355.000 euro. "In hiele goede saak", fynt de FNP.
Gemeenten moatte mear rezjy op de wenningmerk krije, is it idee:
De nije regeling moat foarkomme dat alle huzen opkocht wurde troch minsken út de Rânestêd. It moat foar starters op de huzemerk makliker wurde om oan in hûs te kommen.
Ek kinne gemeenten gebrûk meitsje fan de saneamde opkeapbeskerming. Dat betsjut dat allinnich minsken dy't echt sels yn it hûs wenje sa'n hûs keapje meie.

Wente fine is in poepetoer

"It is goed dat it Ryksregear dit ynsjoch hat", fynt fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de provinsjale FNP. "Op in soad plakken sjogge je dat it foar jongelju in poepetoer is om in knappe wente te besetten. Wat in pear jier lyn yn de Rânestêd begûn is, sjogge je no ek yn Fryslân. Der wurde prizen bean dêr't je net tsjinop kinne."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Knol kin him wol fine yn de grins fan 355.000 euro. "Dat is rom genôch. It jout gemeenten de mooglikheid om de grûn sels út te jaan oan minsken dy't hjir wei komme. Je kinne wat mei erfpacht dwaan. Der binne konstruksjes mei mooglikheden."

"Gemeente moat it stjoer pakke"

De FNP hopet dat oare partijen der net te skruten yn binne. "Faak doare minsken de diskusje net te fieren. In oprop fan ús partij is: helje dit út de partijsfear wei. Set it efkes oan de kant en hâld dy essinsjele diskusje mei-inoar. It soe goed wêze as de gemeente syn rol as húsfêster werompakt en in part fan de wenten mei foarrang oan de minsken hjir jaan kin."
Fraksjefoarsiiter Sijbe Knol fan de FNP-Steatefraksje
It foarstel fan demisjonêr minister Kajsa Ollongren moat earst wol nei de Earste en Twadde Keamer. Neffens Knol sil ek de FNP in reaksje skriuwe op de plannen. De FNP fynt dat de provinsje de gemeenten aktyf wize moat op de nije lanlike mooglikheden om as lokaal bestjoer mear te stjoeren op de wenningmerk.