Liveblog | 3 desimber 2021

Coronanijs 3 desimber: Lanlik 21.612 besmettingen | Definsje helpt by boosterjen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 3 desimber 2021, 23:03
23:01

Oant safier

We slute dit liveblog. Tank foar it folgjen. Moarnier is der wer in liveblog.
21:36

'Hoogst mogelijke versnelling'

19:36

Definsje helpt

Koepelorganisaasje GGD GHOR Nederland hat Definsje frege foar stipe op de priklokaasjes. Dat befêstiget in wurdfierder fan Definsje. Troch de stipe kin no sjoen wurde hoefolle minsken oft der nedich binne en wêr't se ynset wurde. Moandei wurdt dat bekend.
De minsken moatte earst oplaat wurde foardat se helpe kinne op de priklokaajes. Oer dy trainingen wurdt moandei ek mear dúdlik. "Er is dus wat tijd nodig, maar verder gaat dat heel snel", seit de wurdfierder.
17:51

'Tempo boosterkampanje omheech'

Elkenien dy't in boosterprak ha wol, kin dy krije yn de sânde moanne nei de lêste faksinaasje. Dat seit demisjonêr minister Hugo de Jonge. Hy wol in ynhelslach meitsje mei de boosterkampanje, want Nederlân stiet no noch ûnderoan yn Europeeske listjes.
Foar de jierwikseling krije alle 60-plussers en meiwurkers yn de soarch har boosterprik. Fan jannewaris ôf komme minsken ûnder de 60 oan bar. "Dat gaat van oud naar jong", seit De Jonge tsjin de NOS.
16:53

Gezondheidsraad: prik foar bern mei medysk risiko

Bern fan 5 oant en mei 11 jier mei in heger risiko om slim siik te wurden nei in corona-ynfeksje soenen in útnûging krije moatte foar in faksinaasje tsjin it firus. Dat seit de Gezondheidsraad yn in advys oan it ministearje fan Folkssûnens.
It giet om bern dy't ûnder behanneling fan in bernedokter binne, omdat se bygelyks in groanyske longoandwaning, in oanberne hertôfwiking of it downsyndroom ha. It giet om sa'n 40.000 bern.
16:21

Tekoarten oan soarchpersoniel yn Fryske sikehûzen bliuwe grut

De tekoarten oan soarchpersoniel bliuwe grut. Der is wol nije ynstream, mar net genôch. By Nij Smellinghe yn Drachten kinne bygelyks sa fiif coronaferpleechkundigen oan de slach.
Foarsitter Michiel Kahman fan Zorg voor het Noorden stelt dat it sa net de goede kant op giet. Hy wol it oplieden fan personiel oars oanpakke. "Je moet kijken naar innovaties. Dus dat je veel meer gaat simuleren. Dan kun je tijdens een crisis toch mensen gereed maken voor het echte werk."