Reedrydster en skeeler Moniek Klijnstra hâldt op

Moniek Klijnstra fan Sint-Jânsgea hâldt op mei it profesjoneel skeelerjen en reedriden. It hat moai west, sa skriuwt sy op sosjale media.
© Orange Pictures
Klijnstra is mearfâldich kampioen op de skeelers: yn augustus waard sy foar de tredde kear Nederlânsk kampioen op de hûndert meter. Earder stie sy as langebaanrydster op de redens.

Klijnstra hopet har nei eigen sizzen earst te rjochtsjen op har maatskiplike karriêre, en wol ek har entûsjasme foar de sport dielen bliuwe. Dat sil se fan 1 jannewaris ôf dwaan as regisseur sport(stimulearring) by de gemeente Hearrenfean.