Pleagjend berjocht op sosjale media: ONS Snits fiert leaver Sinteklaas?

"Sinterklaasje kom maar binnen in Sneek, samen met je knecht. En daarom komen wij zaterdag niet naar Urk om te voetballen." In opfallend berjocht op sosjale media, ôfkomstich fan in webside mei nijs út Urk. Soene de spilers fan ONS Snits leaver Sinteklaas fiere as dat se tsjin SV Urk fuotbalje?
In wedstriid by ONS Snits © Omrop Fryslân
Neffens Joan van der Veen, foarsitter fan ONS Snits, is dat 'complete onzin'. Neffens him wolle de Snitsers tige graach spylje, mar is dat mei de nije coronamaatregels net helber. Mei de nije maatregels mei der nei 17.00 oere net mear spile wurde.
Ofrûne wike soe ONS Snits al tsjin Urk spylje. Mar doe kamen der wer nije coronamaatregels en mocht de wedstriid net mear trochgean. De wedstriid is doe ferpleatst nei kommende sneon. Mar omdat de spilers fan ONS Snits troch de nije maatregels net traine kinne, hawwe se de wedstriid ôfsein.
Van der Veen fynt it tige spitich dat it sa moat, mar fynt it wichtiger dat de spilers goed taret yn it fjild steane. Hy begrypt lykwols net wêr't dit berjocht ynienen wei komt: alle korrespondinsje oer it skrassen fan de wedstriid wie hiel gewoan, freonlik. "Misschien is het een bepaalde frustratie, omdat het nu niet door kan gaan."

Dochs betrouwen yn kompetysje

Hoewol't Van der Veen it spitich fynt dat der net traind wurde kin de kommende trije moannen, hat hy der wol betrouwen yn dat de kompetysje ôfmakke wurde kin. "Het is nu nog te vroeg om te zeggen. Als de maatregelen effect hebben en die besmettingen gaan naar beneden, dan moeten we het gewoon proberen met elkaar. Met een behoorlijk aantal doordeweekse wedstrijden om het tweede halfjaar helemaal rond te maken, daar heb ik nog wel vertrouwen in."
Foarsitter Joan van der Veen oer it berjocht: