30 kilometer yn 'e oere nije noarm yn Ljouwert, mar net op drokke stedsring

Yn in grut part fan de gemeente Ljouwert wurdt tritich kilometer yn 'e oere de maksimale snelheid op diken. In mearderheid yn de gemeenteried is akkoart gongen mei in foarstel fan GrienLinks dêrta.
© ANP
Der komt in útsûndering foar de stedsring en foar diken dêr't it fytspaad fan skieden is. Dêrmei komt de gemeente net temjitte oan klachten fan omwenners fan de drokke Julianaleane. Neffens tellingen ride dêr deis tûzen frachtauto's en tusken de 20.000 en 23.000 persoane-auto's del. It wykbelang hat oan de gemeente frege in 30 km-dyk te meitsjen fan de Julianaleane, mar om 'e nocht.
De measte strjitten yn Ljouwert wurde wol 30 km-diken. In wichtige reden foar GrienLinks-riedslid Evert Stellingwerf foar it plan wie om de ferkearsfeilichheid yn de stêd te fergrutsjen. It doel is om yn 2050 gjin ferkearsslachtoffers mear te hawwen yn de stêd. It ferleegjen fan de maksimale snelheid draacht dêroan by.

Better foar sûnens

Boppedat soarget in legere snelheid fan it autoferkear foar minder útstjit fan CO2, fynstoffen en lûd. Dat is better foar de leefberheid en de sûnens. Lykwols, foar de omwenners fan de Julianaleane sjocht de gemeente gjin reden ta ferbettering.
CDA-wethâlder Abel Reitsma neamt it in 'prachtige timing'. Woansdei waard bekend dat Amsterdam, Rotterdam, Den Haag en Utrecht de maksimumsnelheid yn de beboude kom ferleegje wolle fan 50 nei 30 kilometer yn 'e oere. "Het is mooi dat Leeuwarden in dit rijtje aansluit", seit Reitsma.
Riedslid fan GroenLinks Evert Stellingwerf oer de nije noarm