Soad nije natuer mooglik mei Natuer mei de Mienskip

In nij natuernetwurk oanlizze; hHoe dogge jo dat? Boeren en natuerbehearders hawwe twa jier lang in proef dien. Se biede de útkomsten tongersdei oan oan de provinsje.
It Swartfean. Ien fan de gebieten dêr't Natuer mei de Mienskip de ôfrûne twa jier proefdraaid hat © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It gearwurkingsferbân hjit Natuer mei de Mienskip. De boeren en de natuerbehearders fine dat sy it natuernetwurk goedkeaper en better oanlizze kinne as de provinsje.
It natuernetwurk is in útklaaide ferzje fan de eardere ekologyske haadstruktuer, it idee om natuergebieten mei-inoar te ferbinen.
Alles wat de provinsje oan nije natuer realisearje wol, komt yn sicht as it inisjatyf Natuer mei de Mienskip de romte krijt, fynt it gearwurkingsferbân. De provinsje moat mear kapasiteit regelje om grûn oan te keapjen en te ruiljen.

Grut tal organisaasjes

'Natuer mei de Mienskip' bestiet op dit stuit út in grut tal organisaasjes. Dat binne: LTO-Noord, It Fryske Gea, Steatsboskbehear, Kollektivenberied Fryslân (Agarysk Natuerbehear), Natuurmonumenten, Friese Milieu Federatie, it kollektyf Particuliere Natuurbeheerders, Feriening Biologyske Boeren Fryslân, het Friesch Grondbezit, Wetterskip Fryslân. Yn de útfiering, is de provinsje der ek by behelle.

Besjen wat boeren sels wolle

De besteande provinsjale oanpak wie, koartsein, dat de provinsje grûn kocht fan in boer en dy grûn ynrjochte foar de natuer. Dêrnei kaam it meastentiids yn behear by in natuerorganisaasje. De ynstek fan Natuer mei de Mienskip is dat earst yn oerlis besjoen wurdt wat de boeren yn de streek eins sels wolle.

"Ook nee kunnen zeggen"

As de boeren sels ek oan natuerbehear dwaan wolle, hoecht folle minder grûn kocht te wurden. Dan kin it bliuwe by bygelyks in oare ynrjochting en behear. Der is ek romte foar ferbettering fan de lânboustruktuer.
It grutte ferskil is dat de boer gewoan eigener en brûker fan syn grûn bliuwt. Foar stikken fan syn grûn jilde natuerkwaliteitseasken, mei de fergoeding dy't dêrby heart. De boeren moatte hjirby ek holpen wurde as it giet om de bedriuwsfiering. It is allegearre op frijwillige basis.
"Boeren moeten ook nee kunnen zeggen", seit Thijs Harmsen fan it Netwerk Right to Challenge dy't de proef evaluearre hat. Fierders moat de bredere omjouwing ek de romte krije om in miening te hawwen oer de natuerplannen yn in streek.
Soad nije natuer mooglik mei Natuer mei de Mienskip
Mei de oanpak is in begjin makke yn de streek tusken de Burgumermar en de Leien. By de boeren oan de súdeastkant fan de Leien op it Swartfean is ynventarisearre wat sy wolle. It is al behoarlik dúdlik hoe dat te berikken. Dêr liket genôch animo te wêzen foar nateurbehear as in boer in oar plak oanbean krijt.
Der soe ek romte komme kinne om wetter op te slaan foar Wetterskip Fryslân. Dêr soene jo dus in stap foarút sette kinne.
"As jo harren dêr allegearre waarm foar makke hawwe, moatte jo it ek útfiere kinne", warskôget foarsitter Albert van der Ploeg fan it Kollektivenberied Fryslân. Van der Ploeg: "Yn ús oanbod foar de kommende jierren as Natuer mei de Mienskip jouwe wy oan hoe't dat moat." Yn totaal kin hjir 150 bunder oan natuer komme.

'Tsjoch op'

In oare, leechdrompelige oanpak is in loket mei de namme 'Tsjoch op'. Dêr kinne minsken dy't wat mei natuer op harren grûn dwaan wolle, harren melde. Dan wurdt ek sjoen oft der binnen it Natuurnetwerk Nederland kânsen lizze.
Sân inisjativen binne hjirby al behannele en der rinne noch 21. De ferwachting is dat dit 120 bunder oan natuergrûn opsmite kin.
"Wy hawwe eins socht nei plakken dêr't enerzjy sit en dêr't minsken sitte dy't graach natuer realisearje wolle en kinne. En dat is net allinnich yn dy Europeesk ferplichte stikken, mar ek yn stikken natuernetwurk dêrbûten", seit adjunkt-direkteur Chris Bakker fan It Fryske Gea.
De Heanmar by Koudum. In drûchmakke mar dy't ynrjochte is as natuergebiet foar greidefûgels en dêr't Natuer mei de Mienskip aktyf is © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ien fan de inisjativen is de oankeap fan in pleats mei tolve bunder fûgeltsjelân yn it greidefûgelgebiet de Heanmar by Koudum. De eigener is ferstoarn. It natuergebiet is yn behear by Steatsboskbehear.
Greidefûgels briede net graach by bebouwing. Dêrom wurdt it pleatske sloopt. "Wy hawwe de romte krigen fan de oerheden om it rjocht om dêr te wenjen op in oar plak yn te foljen. Sa binne we net tefolle jild kwyt oan it gebou en dogge tagelyk de natuer goed", seit Chris Bakker fan It Fryske Gea dy't de oankeap mei eigen skinkingen betelle hat.

Jild

It foarbyld fan dizze oankeap lit sjen dat oare partijen lykas de provinsje foarop rinne by it meitsjen fan it natuernetwurk en der ek jild út oare hoeken beskikber komt as dêr't de provinsje oanspraak op meitsje kin.
Mei wat Natuer mei de Mienskip de ôfrûne twa jier realisearre hat, plus it wurk fan de provinsjale gebietskommisjes, bliuwt der noch 1600 bunder nij te foarmjen natuer oer yn Fryslân.
Natuer mei de Mienskip tinkt mei it hjoeddeistige budzjet 500 bunder dêrfan foar it jier 2027 realisearje te kinnen, plus it werynrjochtsjen fan 1000 bunder grûn foar de natuer. Dêr hinget in priiskaartsje oan fan 36 miljoen euro. En fansels wurkje de provinsjale gebietskommisjes ek gewoan troch.
De pleats yn de Heanmar dy't It Fryske Gea mei tolve bunder grûn oankocht hat troch Natuer mei de Mienskip © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Natuer mei de Mienskip wol net allinnich ynsette op natuer dy't ferplicht oanlein wurde moat neffens Europeeske ôfspraken, mar ek om gebieten dêr't de provinsje it wichtich fynt de natuer mear romte te jaan. Ek omdat in soad boeren en oare grûneigeners better út de fuotten kinne mei dat soarte natuer.
De ferwachting is dat der noch ekstra jild by komt, en ek ynstruminten dy't in effisjintere wurkwize mooglik meitsje. Dat moat begjin takom jier dúdlik wurde.
Dêrtroch kin it tempo noch fierder omheech en komt de oanlis fan it hiele natuerwurk in stik tichterby. Al kin it wêze dat der dochs noch wat ekstra tiid foar nedich is. As it allegearre slagget, kin Natuer mei de Mienskip 1005 bunder oan nije natuer leverje.

Organisaasje

Der is lykwols noch wol 1,3 miljoen euro nedich om in goede organisaasje op te setten. Dêr hat Thijs Harmsen fan it Netwerk Right to Challenge noch wol in kanttekening by: "Het moet geen uitvoeringsorganisatie van de provincie worden."
De fokus moat, wat him oanbelanget, bliuwe op wurkjen mei de mienskip. Want as der gjin draachflak is foar dizze wurkwize, kin it de oanpak fan Natuer mei de Mienskip noch behoarlik yn it paad sitte.
De read omsirkele gebieten is dêr't Natuer mei de Mienskip kânsen sjocht. Yn de blau omsirkele gebieten binne gebietskommisjes direkt foar de provinsje oan it wurk. © Natuer mei de Mienskip