'Amelanner ekonomy wurdt nekke omdraaid as natuerregels net feroarje'

As der gjin feroaring komt yn de natuerregels foar de fargeul nei It Amelân ta, falle yn de takomst ûndernimmers om. It toerisme soe sels de helte minder wurde.
De fargeul © Omrop Fryslân, Herman Zeilstra
De Twadde Keamer moat ynkoarten in beslút nimme oer de fargeulen nei de Waadeilannen. It slyk yn dy fargeulen is it grutste probleem: Natura 2000-regels sizze dat de bagger net mear ôffierd wurde mei. It moat yn it Waadgebiet bliuwe. Mar de fargeul sliket dêrtroch al gau opnij ticht.
"Het baggerslib blijkt een enorm goed geheugen te hebben", seit Cinto Prosperi, direkteur fan de VVV op It Amelân. "Binnen de kortste keren is het terug in de geul."

"De nekslach"

Direkteur Ger van Langen fan rederij Wagenborg sei woansdei dat inkeld noch by heech wetter hinne en wer fearn wurde kin as it slyk út de fargeul net it Waadgebiet út kin. No farre de boaten nei It Amelân de hiele dei troch. Dat is dan yn de takomst net mear mooglik. In ramp foar de eilanner ekonomy, tinkt it Ondernemers Platform Ameland.
"Der moat wat gebeure. Lit ús dêr dúdlik oer wêze. As der op tij fearn wurde moat, is dat foar guon ûndernimmers de nekslach", seit Klaas Touwen. Hy sprekt út namme fan it ûndernimmersplatfoarm fan it eilân. "Fan de 650.000 toeristen dy't we no op it eilân ha, sil de helte oerbliuwe. Dat betsjut foar in soad ûndernimmers de deastek."
De mooglikheden binne beheind, tinkt Touwen. "We kunnen overleggen met Rijkswaterstaat en aan de bel trekken bij de politiek. Dat doen we, maar onze lobby is altijd minder sterk dan de lobby van de natuurverenigingen. Daar moeten we mee leren leven."

Tunnel wie nea serieus

It ministearje is ferline jier mei guon mooglike oplossingen kaam. De hjoeddeistige farferbining ferbetterje of in oare rûte tusken it fêstelân en it eilân. En dan hie de minister it ek noch oer in tunnel, mar dat wie nea serieus, seit Prosperi. "Zowel qua kosten als qua draagvlak was het altijd al duidelijk dat die tunnel er niet zou komen."
Nei't de minister de opsjes op tafel lei, is it stil bleaun, fynt Prosperi. "Het ministerie en het kabinet hebben misschien iets anders aan het hoofd gehad, maar de natuur gaat door."
De Waddenzee heeft zandhonger.
Cinto Prosperi
En dus wurde de problemen beslist net lytser. "De Waddenzee heeft, zoals dat heet, zandhonger. Bij vloed komt er meer zand in de vaargeul dan wat er bij eb verdwijnt. Een steeds groter gedeelte van de oostelijke Waddenzee komt niet meer onder water te liggen."

Oare farrûte?

Dêrom moat de farrûte miskien wol ferlein wurde. Ut Ferwert wei bygelyks. "Maar het blijft stil en in de tussentijd gaat de verzanding door."
De ekonomy fan it eilân stiet troch de problemen dus faai, seit ek Prosperi. "De economie draait fantastisch en blijkt zelfs behoorlijk coronaproof. Daar zijn allemaal mensen van afhankelijk. Om het voorzieningsniveau op peil te houden, moet er iets gebeuren."