Eaststellingwerf siket frijwilligers foar roekeferhuzing

De gemeente Eaststellingwerf is sûnt ferline jier dwaande mei it ferhúzjen fan roeken dy't foar oerlêst soargje. Dêrfoar binne saakkundigen nedich, mar ek ynwenners dy't derfoar soargje dat de roeken net weromkomme op de âlde plakken.
© Shutterstock, Ihor Hvozdetskyi
Om't de fûgels skite en soargje foar in protte lûdsoerlêst, wurde de roeken fuorthelle. Dat bart troch harren nêsten fan it plak te heljen en se te ferjeien mei laserpinnen.
Mayte Leinenga, adviseur duorsumheid by de gemeente Eaststellingwerf, leit út dat de roeken elk jier wer nei harren eigen nêst ta wolle. "Die ruiken ze, vandaar dat we de nesten op de goede plekken zetten, en we ze ook weer gaan verjagen op plekken waar ze nu overlast geven. Daarmee maak je het minder aantrekkelijk voor ze om weer terug te komen."

Frijwilligers

"We zijn vorig jaar begonnen en op die plekken zie je de roeken eigenlijk niet meer", seit Leinenga. Dêr wolle se no mei fierder gean: it giet om in plan fan fjouwer jier. "Je kan het niet helemaal sturen, dus het is wel zaak dat we verdergaan."
Mayte Leininga fan gemeente Eaststellingwerf oer it ferjeien fan de roeken
Dêrfoar binne nije frijwilligers nedich. Fan jannewaris oant april geane se los; nei dy tiid lizze de roeken har earste aai. Yn desimber is in ynstruksjemomint foar de frijwilligers.