Liveblog | 2 desimber 2021

Coronanijs 2 desimber: 860 nije besmettingen | 95 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 2 desimber 2021, 22:30
22:22

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog. Tank foar it folgjen. Moarnier is der wer in liveblog.
20:06

KNVB leit amateurfuotbal A-kategory stil

De KNVB leit de kompetysjes yn de heechste klassen by de amateurs nei kommend wykein stil. It fuotbalbûn nimt dat beslút nei't dúdlik wurden is dat it foarearst definityf net tastien is om nei 17.00 oere te sporten. It stillizzen jildt foar alle teams (sawol senioaren as jeugd fan 13 jier ôf) dy't útkomme yn de saneamde A-kategory (prestatyf). Foar de wat mear rekreative teams (B-kategory) giet de kompetysje oant de winterstop wol gewoan troch. Ek de jongste fuotballers oant en mei 12 jier kinne kompetityf fuotbalje bliuwe.
Kommend wykein is yn de A-kategory gjin regulier kompetysjeprogramma foar de jeugd en senioaren. Op frijwillige basis wurde wol ynhelwedstriden pland. Ek meie se wol ûnderlinge wedstriden spylje, of traine, tusken 05.00 en 17.00 oere. Nei 19 desimber begjint foar elkenien de winterstop.
17:24

Boosterfaksinaasje yn Bennema State Hurdegaryp

Earst de faksins klearmeitsje, en dêrnei prikken sette. Dat wie tongersdei de opdracht fan fjouwer personielsleden fan wensoarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp. Bewenners krigen dêr harren boosterprik, sadat se wer better beskerme binne tsjin it coronafirus.
Der waarden tongersdei 110 boosterfaksinaasjes set yn Bennema State:
16:17

Apotekers wolle helpe mei boosterprikken

© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Apotekers wolle meihelpe by it setten fan de boosterprik. Neffens apotekersferiening KNMP stiet sa'n twatredde fan de efterban dêr posityf tsjinoer. De apotekers ha dan wol in dokter nedich foar it tafersjoch.
Apotekers ha net it foech om sels te faksinearjen. "Maar zonder bagatelliserend te doen, dat is niet heel moeilijk", seit foarsitter Aris Prins.

Militêren

De boosterkampanje komt mar traach op gong. Dêrom moatte ûnder mear militêren, medyske studinten, bistedokters, âld-ferpleechkundigen en âld-dokters by de faksinaasje helpe.
15:36

RIVM meldt 860 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 860 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 270 mear as woansdei. Doe waarden 590 besmettingen meld.
Troch in eardere computersteuring binne yn de ôfrûne dagen lykwols mear positive coronatests registrearre. De besmettingen dy't woansdei net meirekkene waarden, binne no meiteld.
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen yn Fryslân fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean.
15:06

RIVM: Selstesten dy't fergees binne soargje derfoar dat mear minsken in test dogge

Ut ûndersyk fan it RIVM docht bliken dat minsken earder in test dogge as de coronaselstesten fergees en ienfâldich te ferkrijen binne. De testen kinne dan "bijdragen aan het eerder opsporen van het virus en eventueel ook aan het beperken van sociaaleconomische gezondheidsverschillen", sa seit it RIVM.
Der diene 3200 minsken mei oan it ûndersyk fan it RIVM. 42,2 % fan harren tinkt dat se by klachten fuortendaliks op de earste dei in test dwaan sille as se in selstest yn hûs ha. As se die net ha, sil mar 20,5 % in test dwaan, sa docht bliken út it ûndersyk.

Mylde klachten

As minsken thús in selstest dogge, sille se wol wat minder faak in PCR-test by de GGD dwaan. De selstest is net sa betrouber as de PCR-test. Mar as der mear testen dien wurde, sille besmettingen earder fûn wurde, seit it RIVM. Dêrom feroaret dizze freed it testadvys. Wa't mylde klachten hat, kin kieze tusken in selstest en in test by de GGD.