Twadde Keamer wol Thialf stypje mei miljoen euro

01 des 2021 - 19:40

De Twadde Keamer wol dat it demisjonêre kabinet in miljoen euro frijmakket foar Thialf op It Hearrenfean. Dêrmei soe it iisstadion yn alle gefallen dit seizoen iepen bliuwe kinne, sadat de reedriders harren tariede kinne op de Olympyske Winterspelen fan begjin takom jier.

Goed nijs, mar strukturele stipe soe neffens sporters better wêze:

In mearderheid fan VVD, CDA, D66, CU, SP en PvdA wol ek dat it kabinet mei in konkreet plan fan oanpak komt, om de strukturele problemen fan it stadion oan te pakken. It giet al jierren finansjeel net goed mei Thialf. Der is ûnder mear jild nedich foar ûnderhâld en oanskaf fan nije apparatuer.

Yn oktober stjoerden Nederlânske topreedriders noch in brânbrief oan de Twadde Kamer en de ynformateurs. Se pleiten dêryn foar in oerheidsbydrage fan 20 miljoen foar Thialf. De provinsje, de gemeente Hearrenfean, it reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF sprongen dizze maitiid ek al yn 'e bres foar Thialf. Se makken doe bekend dat se mei-elkoar it iisstadion alle jierren mei 1,4 miljoen euro helpe sille.

De Friezinnen Femke Kok en Michelle de Jong op de NK ôfstannen yn Thialf, ein oktober - Foto: ANP

Tariedingen Olympyske Spelen mooglik yn gefaar

De VVD hat op wurkbesite west op Thialf, fertelt Twadde Keamerlid Heerema fan dy partij. Se hawwe in soad kontakt hân mei topsporters, mei de KNSB en mei Thialf sels. Der waard oanjûn dat der op koarte termyn in probleem is. As der wat stikken giet op Thialf, dan komme de tariedingen op de Olympyske Spelen yn gefaar.

Heerema: "Dat moeten we niet laten gebeuren en daarom hebben we op korter termijn geregeld dat mensen zich geen zorgen hoeven te maken over machines of een Zamboni die kapot gaan."

Wy binne wiis dat we sa'n plak as Thialf hawwe. Dêr moatst sunich op wêze.

Romke de Jong

In mearderheid fan de Keamer is dus foar stipe oan Thialf. Dat is ienriedich, wat se net fa faak binne. It Fryske Twadde Keamerlid Romke de Jong (D66) is bliid: "Wy binne wiis dat we sa'n plak as Thialf hawwe. Dêr moatst sunich op wêze."

Fan it simmer brocht in groep Keamerleden in besite oan Thialf - Foto: ANP

De Jong is bliid dat alle partijen it grutte belang fan Thialf ynsjogge. Hy sjocht út nei it debat fan tongersdei en nei de lange termyn. "In feilich Thialf, wat thús heart yn Fryslân." It liket dat it regear wol harkje moat nei dit dúdlike sinjaal út de Keamer wei, sa beslút er.

Belied foar topsportlokaasjes mei finansieringsôfspraken

Twadde Keamerlid Inge van Dijk (CDA) wol dat der belied komt oer hoe om te gean mei topsportlokaasjes, want dat is der noch net. "Gemeenten springen vaak in eerste instantie bij. Zij komen al heel snel te kort en kijken dan naar de provincie,. En die kijkt weer naar het Rijk. Wij vinden dat er structureel beleid moet komen met financieringsafspraken. Welke topsportlocaties hou je in de lucht en hoe ga je daarmee om? Wat ons betreft valt Thialf daar ook onder, net zoals bijvoorbeeld Papendal."

Van Dijk giet derfan út dat de stipe foar Thialf der wol komt, want in mearderheid yn de Twadde Keamer is foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)