Helte minder ôffearten nei It Amelân troch baggerregels fanwege natuer

Minister Barbara Visser fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de Twadde Keamer moatte gau in heldere kar meitsje oer in oplossing foar de fargeulen nei de Waadeilannen. As de natuerregels bliuwe sa't se no binne, is de helte fan de oerfearten nei it Amelân aanst net mear mooglik.
Fearboat Sier © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Op it stuit skriuwe de Natura 2000-regels foar dat de bagger dy't út de fargeul helle wurdt, net mear ôffierd wurde mei. Dy moat yn it Waadgebiet bliuwe. De trend is lykwols dat de Waadsee hieltyd mear ferdrûget en de konsekwinsje is dan ek dat de fargeul hieltyd gauwer wer tichtset. Dan kin inkeld noch by heech wetter hinne en wer fearn wurde, warskôget direkteur Ger van Langen fan rederij Wagenborg.

Fan fjirtjin nei seis ôffearten

Fan en nei It Amelân sille in grut tal ôffearten ferfalle, want de oerfarder moat troch in geul yn it wantij. Op Skiermûntseach kin wól seis kear deis fearn wurde: trije ôffearten foar en trije nei heech wetter.
Nei It Amelân farre de boaten de hiele dei troch. Dat is dan yn de takomst net mear mooglik. As foarbyld neamt Van Langen de ôffearten op in freed. Dat binne no fjirtjin. As der net (genôch) mear baggere wurde kin, wurde dat seis. Sawat de helte minder.

Oare skippen?

De diskusje oer it baggerjen by de Waadeilannen is folop oan de gong yn Den Haag. Natuerbeskermers sjogge it as in grutte ynbreuk op it Waadgebiet. De Waadferiening fynt dat der minder baggere wurde moat en wiist op in alternatyf: allinnich noch farre by heech wetter. Wagenborg wol de problemen mei de oertochten by de minister ûnder de oandacht bringe. Wat de rederij sels dwaan kin, is dêrop ynspringe. Bygelyks mei oare skippen of mei oare dingen dy't fan ynfloed binne.

Gruttere boaten?

Van Langen wiist derop dat syn rederij net allinnich minsken mar ek materieel ferfiert. Fan bankstellen oant iten en boustiennen, seit er. Minder ôffearten hawwe ek gefolgen foar sok ferfier. En in gruttere fearboat kin ek net, want dy leit djipper en it kin no bytiden noch mar krekt.

Faker farre mei lytsere boaten?

Faker farre mei lytsere boaten is ek net alles, neffens Van Langen. Dat smyt problemen op mei de ôfhanneling fan it laden en lossen. Van Langen skat de kâns dat der oer tsien jier inkeld fearn wurdt by heech tij hiel grut. "Daarvoor zijn de inspanningen die er geleverd moeten worden onevenredig groot."