Dakleas nei camperûngelok; Niels en Elbrich krije soad jild en stipe

01 des 2021 - 17:15

Niels (26) en Elbrich (25) Schoorstra fan Ljouwert ferlearen nei in ûngelok mei har camper alles yn ien klap. Se hienen alles ferkocht om yn in selsboude camper te wenjen. Se hienen ek de hier fan har hûs al opsein en no binne se dakleas.

Dakleas nei camperûngelok; Niels en Elbrich krije soad jild en stipe

Yn alle konsternaasje fan alles ferkeapje en fuortdwaan hienen se ien ding noch net dien: de fersekering fan de camper. En doe rekken se moandeitemoarn by Terherne fia in glêde dyk yn de sleat. Sels rekken se net ferwûne, mar de camper is total loss. "We draaiden 180 graden en leinen yn de sleat", fertelt Elbrich Schoorstra. Se binne alles kwyt.

Elbrich en Niels - Foto: Elbrich Schoorstra

Al jierren is it har dream om minimalistysk te libjen. Nei in reis fan fiif wiken yn Sweden doarden se it oan en setten alles yn gong.

Stipe

No wenje se tydlik by in freon. "En we sykje in oar bus dy't we ombouwe kinne, sadat we fierder kinne mei ús plan." Fia in crowdfundingsaksje hoopje se jild op te heljen. Nei in dei binne al goed 160 donaasjes dien en is al mear as 3.600 euro ophelle.

"It is echt bizar hoefolle minsken ús helpe wolle, net inkeld mei jild mar se biede ek sliepplak oan of dat se helpe wolle mei wurk oan in nije bus. It is moai om te sjen dat se dogge, sels al kenne se my net."

Foto: Elbrich Schoorstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)