HEA! De kloklieder fan Kollumersweach

Syn skoanheit en dy syn heit dienen it al, en dêrfoar de froulju yn de famylje: Marten Schotanus fan Kollumersweach wynt al 21 jier de tsjerkeklok hânmjittich op. Dat moat ienris yn de 26 oeren dien wurde, oars stiet de tiid yn it doarp stil. Hy fynt it bysûnder dat it âlde oerwurk it noch altyd docht. En soms, klimt er hielendal nei it topke fan de tsjerketoer om efkes fan it útsjoch te genietsjen.
HEA! De kloklieder fan Kollumersweach