Soargen by ferieningen Noardeast-Fryslân oer kolleezjeplannen âld papier

Inkelde tsientallen ferieningen yn Noardeast-Fryslân lûke oan de bel, no't de gemeenteried tongersdeitejûn in beslút nimt oer in nij 'ophelsysteem' foar âld papier.
Neffens tradysje helpe ferskate ferieningen by it ynsammeljen fan âld papier yn 'e regio. Sy krije dêr in fergoeding foar. No't it kolleezje fan 2023 ôf in papierkontener jaan wol oan ynwenners, sjogge de ferieningen op termyn mooglik in substansjeel part fan harren ynkomsten ferdwinen.

Brieven fan ferieningen

By de gemeente kamen de ôfrûne tiid hast tritich brieven binnen fan ferieningen dy't harren bot soargen meitsje. Ien fan har is de Stedelijke Harmonie Dockum, mei likernôch fjirtich leden. Yn oparbeidzjen mei twa oare muzykferieningen wurdt troch harren om beurten âld papier ophelle yn Dokkum.
"Het gaat voor ons om een bedrag van ongeveer vijfduizend euro per jaar", fertelt foarsitter Pieter Stenekes fan de Stedelijke Harmonie Dockum. "Als dat bedrag in de toekomst wegvalt, gaan wij en ook andere verenigingen het misschien wel niet redden."
Foarsitter Pieter Stenekes fan de Stedelijke Harmonie Dockum
It kolleezje wol it opheljen fan âld papier lyklûke. Yn it eardere Kollumerlân hawwe húshâldingen al in lytse kontener foar âld papier. It foarstel fan it kolleezje soe dêrnjonken goedkeaper wêze kinne as it hjoeddeistige systeem. It nije belied moat ek soargje foar de ein oan de rjochtsûngelikensens, om't mar in lyts part fan de ferieningen âld papier ophellet yn 'e gemeente.
Stenekes wol de gemeenteriedsleden lykwols oproppe nochris goed nei te tinken oer it kolleezjefoarstel. "Gooi niet iets weg wat goed werkt en aanwijsbare voordelen heeft voor de gemeenschap, steun uw verenigingen."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga