Karbidsjitten mei allinnich yn Eaststellingwerf op jûntiid

Ynwenners fan de gemeente Eaststellingwerf kinne op âldjiersjûn gewoan karbidsjitte. Dêrmei is it de ienige gemeente yn de provinsje dêr't dat nei 18.00 oere jûns kin sûnder fergunning.
Karbidsjitten © Omrop Fryslân
De Veiligheidsregio hie gemeenten yn Fryslân frege om karbidsjitten jûns net mear ta te stean fanwege de oerlêst.
Waarnimmend boargemaster Sandra Korthuis fan Eaststellingwerf wie it dêrmei iens, lykas har kollegaboargemasters. Yn de praktyk wurdt der yn de jûntiid dochs net karbidsketten, organisatoaren soenen in beheining ek net slim fine.

Gjin fergunningsplicht

Mar yn Eaststellingwerf jildt, oars as yn de oare gemeenten, al gjin fergunningsplicht foar it karbidsjitten.
"De vreugde over de traditie is wisselend", seit Korthuis, "maar het hoort bij Noordoost-Nederland en veel mensen beleven er plezier aan."

'Foarkomt fernielingen'

De fraksje Wij Lokaal fûn in eintiid fan 18.00 oere net by de tradysje passen. Se tinke dat de tradysje just foar mienskip soarget en foarkomt dat der fernielingen yn doarpen plakfine.
De partij krige de stipe fan de PvdA, de VVD, de ChristenUnie en de fraksje-Ter Heide. Dat wie goed foar njoggen riedsleden, tsjinoer acht dy't wol in eintiid fan 18.00 oere woenen.
Karbid falt offisjeel net ûnder fjoerwurk en hat dêrom ek net te krijen mei it lanlike fjoerwurkferbod.