Liveblog | 1 desimber 2021

Coronanijs 1 desimber: Boosterprik hie diel opnamen foarkomme kinnen

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 1 desimber 2021, 22:33
22:30

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog. Tank foar it folgjen. Moarnier is der wer in liveblog.
21:27

Aksjegroep: lit húsdokters boosters sette by âlderein

In aksjegroep fan húsdokters docht in oprop dat húsdokters âlderen dy't net sels nei de lokaasjes komme kinne, in tredde coronafaksin jaan moatte. Sy kenne de minsken en hawwe ûnderfining mei de grypspuit. Boppedat kinne se it hiel hurd regelje. It ferplichte kertier wachtsjen nei de prik soe ôfskaft wurde moatte, It makket hast neat mear út foar de feiligens en sûnder dat kertier wachtsjen giet de faksinaasje folle hurder.
19:36

Keamer twivelet oer ferbod amateursport nei fiif oere middeis

In grut part fan de Twadde Keamer liket it der net mei iens te wêzen dat amateursporte net mear mei nei 17.00 oere. Sa wolle ûnder oare D66, CDA, SP, DENK, GroenLinks en JA21 fan it demisjonêre kabinet witte wat dêr de effekten fan binne. Hoareka, bioskopen, teäters, en sportskoallen moatte om fiif oere middeis ticht fanwege de tanimmende coronabesmettingsgraad.
De SP wol dat der in útsûndering makke wurdt foar sport bûtendoar D66 tinkt dat de betide sluting wolris liede kin ta follere sportskoallen oerdeis.
17:07

GGD-ôfspraak boosterprik is te meitsjen mei falsk bertejier, systeem neffens GGD 'kwetsber'

Yn it digitale oanmeldsysteem foar it oanfreegjen fan in boosterprik sit in mooglikheid wêrtroch't minsken dy't noch net oan bar binne al wol in prikôfspraak meitsje kinne. It is foar persoanen dy't langer as seis moannen lyn in coronafaksin krigen hawwe dêrtroch dochs al in ôfspraak yn te plannen, troch simpelwei in ferkeard bertejier yn te fieren. Dat docht bliken út ûndersyk fan it ANP. "Het systeem is kwetsbaar", seit in wurdfierder fan GGD GHOR. "We hebben ervoor gekozen het systeem niet nodeloos dicht te timmeren. Het is een ingecalculeerd risico dat mensen er misbruik van kunnen maken."
16:16

Minsken berne yn of foar 1940 kinne ôfspraak meitsje foar boosterprik

15:29

590 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 590 nije coronabesmettingen fêststeld, dat meldt it RIVM. Lanlik binne der 18.588 besmettingen fêststeld. De besmettingssifers binne troch in steuring leger útfallen.

Twa stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeente Ljouwert en de gemeente Waadhoeke.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts