Coronanijs 1 desimber: Boosterprik hie diel opnamen foarkomme kinnen

01 des 2021 - 22:32

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn Fryslân binne 590 nije coronabesmettingen meld;
  • Lanlik giet it om 18.588 nije coronabesmettingen;
  • Der lizze 91 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • Sechstjin Omikron-gefallen yn Nederlân, hast sechstich yn EU;
  • Basisûnderwiis krijt fan 6 desimber ôf earste foarried selstesten;
  • Keamer twivelet oer ferbod amateursport nei fiif oere middeis.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:30
Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog. Tank foar it folgjen. Moarnier is der wer in liveblog.

21:27
Aksjegroep: lit húsdokters boosters sette by âlderein

In aksjegroep fan húsdokters docht in oprop dat húsdokters âlderen dy't net sels nei de lokaasjes komme kinne, in tredde coronafaksin jaan moatte. Sy kenne de minsken en hawwe ûnderfining mei de grypspuit. Boppedat kinne se it hiel hurd regelje. It ferplichte kertier wachtsjen nei de prik soe ôfskaft wurde moatte, It makket hast neat mear út foar de feiligens en sûnder dat kertier wachtsjen giet de faksinaasje folle hurder.

19:36
Keamer twivelet oer ferbod amateursport nei fiif oere middeis

In grut part fan de Twadde Keamer liket it der net mei iens te wêzen dat amateursporte net mear mei nei 17.00 oere. Sa wolle ûnder oare D66, CDA, SP, DENK, GroenLinks en JA21 fan it demisjonêre kabinet witte wat dêr de effekten fan binne. Hoareka, bioskopen, teäters, en sportskoallen moatte om fiif oere middeis ticht fanwege de tanimmende coronabesmettingsgraad.

De SP wol dat der in útsûndering makke wurdt foar sport bûtendoar D66 tinkt dat de betide sluting wolris liede kin ta follere sportskoallen oerdeis.

17:07
GGD-ôfspraak boosterprik is te meitsjen mei falsk bertejier, systeem neffens GGD 'kwetsber'

Yn it digitale oanmeldsysteem foar it oanfreegjen fan in boosterprik sit in mooglikheid wêrtroch't minsken dy't noch net oan bar binne al wol in prikôfspraak meitsje kinne. It is foar persoanen dy't langer as seis moannen lyn in coronafaksin krigen hawwe dêrtroch dochs al in ôfspraak yn te plannen, troch simpelwei in ferkeard bertejier yn te fieren. Dat docht bliken út ûndersyk fan it ANP. "Het systeem is kwetsbaar", seit in wurdfierder fan GGD GHOR. "We hebben ervoor gekozen het systeem niet nodeloos dicht te timmeren. Het is een ingecalculeerd risico dat mensen er misbruik van kunnen maken."

15:29
590 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 590 nije coronabesmettingen fêststeld, dat meldt it RIVM. Lanlik binne der 18.588 besmettingen fêststeld. De besmettingssifers binne troch in steuring leger útfallen.

Twa stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeente Ljouwert en de gemeente Waadhoeke.

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert - Foto: LEO Middelsé, Lennard Geerts
15:13
Dochs gjin Omikron-fariant yn testmonster oktober

Yn tsjinstelling ta wat earder meld waard, is de Omikron-fariant net fûn yn in testmonster fan oktober. Dat seit de Nigeriaanske sûnenstsjinst. Yn it testmonster gong it om de al langer bekende Delta-fariant.

14:19
Basisûnderwiis krijt fan 6 desimber ôf earste foarried selstesten

Alle basisskoallen en skoallen foar spesjaal basisûnderwiis krije fan moandei 6 desimber ôf de earste foarried selstesten. It giet om in foarried fan 2,4 miljoen selstesten foar sa'n 6700 skoallen. Dat hat minister Slob yn in brief oan de skoallen witte litten.

De foarried soe genôch wêze moatte om te foldwaan oan it advys om twa kear de wike te testen. De selstesten binne bedoeld foar learlingen fan groep 6, 7 en 8. Foar de krystfakânsje kinne de skoallen rekkenje op in twadde levering selstesten.

14:06
Sechstjin Omikron-gefallen yn Nederlân, hast sechstich yn EU

De Europeeske sûnenstsjinst ECDC meldt woansdei dat nochris fyftjin minsken út de Europeeske Uny de Omikron-fariant ha. Yn de hiele EU binne no 59 gefallen fan de nije fariant befêstige.

Nederlân stiet boppeoan de list mei besmettingen mei de nije fariant. Yn ús lân binne no sechstjin gefallen fêststeld. Dêrnei komme Portugal (14) en Dútslân (9).

13:05
Van Dissel: 'boosters hadden deel van de opnames kunnen voorkomen'

It RIVM denkt dat minder minsken yn it sikehûs opnommen wienen as se earder in boosterprik krigen hienen. Hoefolle opnamen oft it skeeld hie of oft it better west hie om earder te begjinnen mei ekstra prikken, kin it RIVM net sizze. "Dat weten we niet", sei Jaap van Dissel fan it RIVM yn de Twadde Keamer op fragen fan Fleur Agema fan de PVV.

Ut Israelysk ûndersyk nei it Pfizer-faksin die bliken dat it risiko op in slim sykteferrin nei in booster sa 'n 90 persint leger wie as by minsken dy't mar twa prikken krigen hiene. Van Dissel sei dat ûndersyk te kennen, mar wiisde derop dat de minsken dy't meidiene oan it ûndersyk frij koart yn de gaten hâlden wiene. Hy soe dat "graag veel langer zien".

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)