Fryske Anjer útrikt oan Jentsje Popma

It bestjoer fan it Prins Bernhardkultuerfûns fûn dat by it tema foar de Fryske Anjer fan dit jier, byldzjende keunst, Jentsje Popma de priis krije moast. Popma is al jierrenlang it ikoan fan de byldzjende keunst yn Fryslân, mar hy hat dochs net in soad prizen wûn.
Priiswinners Maartje Roos en Jentsje Popma mei de oarkondes © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Hy krijt de Anjer foar syn mearsidigens as byldhouwer, glêsartyst en skilder en foar syn ynset foar de nije generaasje. De 100-jierrige Popma krige tiisdei yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert de Fryske Anjer en in jildpriis fan 5000 euro útrikt troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy't ek foarsitter is fan it Kultuerfûns.

Jorwerter Iepenloftspul

"Hy fertsjinnet dy priis. Hy is sa alsidich as wat en lang ferbûn mei de byldzjende keunst yn Fryslân. Miskien hat er yn it ferline te min prizen hân. Reden te mear om no te sizzen: dy 5000 euro, dy priis, dy erkenning wolle we graach jaan oan Jentsje Popma."
De 5000 euro hat Popma fuortendaliks skonken oan it Jorwerter Iepenloftspul.

Skilderje mei fotografy

Foar de twadde kear wie der ek in Talintepriis. Dy waard wûn troch keunstfotografe Maartje Roos. "Fantastysk. It is in hiel eare", fynt se. "Ik hie it net ferwachte."
Oer har wurk seit se: "Ik skilderje eins mei fotografy. De ferhalen dy't ik fertel, binne hiel ferskillend. Fan Lodewijk van Nassau oant lânskiplike ferhalen wêryn't ik sjen lit hoe't it wie of wat werkenbere eleminten binne."
Se krige in oarkonde en in jildpriis fan 1.500 euro.
It Prins Bernhard Cultuurfonds makke in filmke mei it wurk fan beide priiswinners: