Doeksen fart mei oare tsjinstregeling yn ferbân mei hurde wyn

Rederij Doeksen hat foar woansdei de tsjinstregeling oanpast. Der wurdt tige hurde wyn ferwachte. De rederij seit dat it benammen rjochting Flylân problemen opsmite kin.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It hichtepunt fan de stoarm wurdt yn de middei ferwachte. It KNMI hat foar it Waadgebiet koade giel ôfjûn yn ferbân mei swiere wynstjitten.
Doeksen hat dêrom besletten om de boat fan 11.50 fan Flylân en de boat fan 14.05 fan Harns nei Flylân ta te skrassen. Boppedat sil de boat dy't om 9.05 út Harns nei Flylân ta gean soe, no om 8.45 fuortgean. Jûns sil der in ekstra boat farre. Om 18.00 oere fan Flylân nei Harns en om 20:00 oere fan Harns nei Flylân.