HEA! Mei Grutte Pier nei Frankryk

'Grutte Pier' hjit harren âlde barrel. Auke Meijer en syn sweager Tjeerd Talman út Rottum kochten in Volvo fan tritich jier âld en makken in tocht troch Súd-Frankryk.
HEA! Barrelbak Grutte Pier
De auto is hielendal oppimpt en beplakt mei pompeblêden, klompkes, Grutte Pier en teksten lykas 'Leaver dea as slaaf'. "Wy hâlde wol fan ús frijheid", jouwe de mannen oan as ferklearring. De tocht ferrint lykwols net hielendal sûnder problemen. Yn Monako rint it fêst.