'De lytse man' yn de kulturele- en kreative sektor komt mei in needgjalp

Lytse ûndernimmers yn de kulturele- en kreative sektor komme mei in needgjalp. Yn in brief oan de Twadde Keamer freegje sy om mear stipe yn de coronakrisis.
Ljocht- en lûdstechnisy © ANP
Henk Rigter is ien fan de inisjatyfnimmers fan Mooiedingenmakers, in kollektyf dat ûndernimmers út de kreative sektor yn it noarden byinoar bringt. Rigter fertelt dat de stipe dy't bestiet, eins net by de zzp'ers en flekswurkers terjochte komt. "In soad fan dy maatregels komt by besteande ynstellingen terjochte. En dêrmei net by selsstannige makkers."

Creatieve Coalitie

De brânbrief dy't nei Den Haag stjoerd is, giet oer de lytse man. "In fotograaf of in ljochtman dy't ynhierd wurdt, bygelyks. Sy hawwe gjin foardiel by de regelingen dy't der binne. En de regelingen dy't der wol binne, dy hawwe in soad betingsten."Dêrom is der in brief skreaun út namme fan de 'Creatieve Coalitie', in feriening fan 45 fakorganisaasjes en bûnen.

Nei de lytse man

It kabinet lûkt no 68 miljoen euro út foar de kulturele- en kreative sektor, mar de Creatieve Coalitie is benaud dat it jild wer by ynstellingen hingjen bliuwt. Rigter: "De oerheid smyt in grutte bak jild nei de kulturele en kreative sektor, mar sy wolle net yndividuele pakketten meitsje."
In grut part fan de fuortfallen aktiviteiten wurdt net dutsen troch regelingen lykas de NOW, TOZO en TVL. De Creatieve Coalitie wol in fangnet en in útwreiding fan de besteande regelingen.
Henk Rigter fan Mooiedingenmakers
"Ik sit yn de posysje dat ik noch gjin fergoeding nedich ha", seit Rigter. "Mar binnen Mooiedingenmakers sitte wol in soad minsken dy't no yn desimber in soad wurk fuortfallen sjogge."