Soad nij libben op briedponton by haven Lauwerseach

It keunstmjittige briedeilân by de yngong fan de haven fan Lauwerseach hat syn wurk goed dien. Der hawwe 46 spantsjes wytstirnzen bret en dat hat 85 piken opsmiten dy't ek útflein binne.
It briedponton by Lauwerseach, mei lokfûgels foar de stirnzen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It ponton is der ferline jier dellein omdat it havengebou dêr't sy oars op sitte, sloopt wurde soe. Boppedat soargen de briedende fûgels op it eardere plak foar oerlêst. Want wytstirnzen litte it je wol witte as je te ticht by harren nêst komme.
Dat der yn trochsneed safolle piken grut wurden binne, is wol bysûnder. Op in soad oare plakken slagget dat net. Mooglik is der yn Lauwerseach mear fretten beskikber troch de fearboaten nei Skiermûntseach. As dy boaten fuortgean, stowe dy in soad wetter fan de boaiem omheech wêrtroch't der ek lytse fiskjes mei omheech komme.

Tanimming

De komst fan it ponton is mooglik makke troch in gearwurking tusken it Havenbedriuw, de Waadferiening, NG-Shipyards en Rykswettersteat. Sovon Vogelonderzoek ferwachtet dat it tal briedende fûgels noch tanimme sil. Dêr is romte foar en de fûgels binne der goed beskerme.