PIETCAST: "It wurdt in stevige winter mei snie en iis"

It wurdt in stevige winter mei snie en iis. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn jierlikse winterfoarsizzing. "We sille faker mei snie te krijen ha as de ôfrûne jierren."
It bliuwt net allinnich by snie en iis, seit Paulusma. "It karakter kin wolris sterk wikseljend wêze. Dan komt der mear foarby as allinnich winterwaar."
Regionaal kin der in flink pak snie falle. "En ik gean der yn alle gefallen fan út dat ús lân mear as ien kear hielendal wyt wurdt. De perioade of perioaden mei froast soargje foar iis. Ik foarsis dat der minstens ien perioade fan mear as in wike komt dat we op redens stean kinne."
Ien of mear winterstoarmen, dat is seker mooglik.
Piet Paulusma
De waarman fan de Omrop ferwachtet ek dat it wolris rûch waar wurde kin. "Ien of mear winterstoarmen, dat is seker mooglik. Der komt ek in wat kwakkeljend waartype en anty-winterwaar mei hege temperatueren."
Waarman Piet Paulusma oer syn foarsizzing
It winterwaar sil foar behoarlik wat oerlêst soargje, tinkt Paulusma. "It wurdt in wietere winter as gewoan. It rûge karakter sa no en dan falt ek op."