Betiid traine foldocht Snits wol: "Maar ik weet niet hoe ik me vanmiddag voel"

30 nov 2021 - 09:56

It wie betiid, mar de opkomst foel neat ôf: tweintich spilers fan Snits Wyt Swart 1 stienen fan 'e moarn al om 5.30 oere op it trainingsfjild. Amateursporters moatte kreatyf wêze, no't sportparken nei 17.00 oere ticht moatte.

Betiid traine foldocht Snits wol: "Maar ik weet niet hoe ik me vanmiddag voel"

It begûn eins as grap, moat spiler Harvey de Boer nei de training tajaan. "Uiteindelijk kwam het op de website van de club en toen kwam de rondvraag in de groepsapp van de selectie: wie wil, wie niet? En best veel spelers wilden dit een keertje doen. Toen pikte ook de media het op en konden we niet meer terug."

Duorre krekt wat langer

Spyt hat er der net fan. "Het was top! Wel vroeg, maar als je hebt gesport, is het ook wel lekker. Even lekker in beweging geweest. Ik weet niet hoe m'n collega's me later vandaag aantreffen, hoe ik me vanmiddag voel. Maar nu voelt het goed."

It duorre, sa betiid op de moarn, wol krekt wat langer foardat de spieren hielendal los wienen, fernaam Freerk de Jong. "Maar daarna leek het op een gewone training. Het tekent ook hoe fanatiek we zijn. We hebben zoveel plezier met elkaar."

Noch in kear?

Mar oft it by ien kear bliuwt of dat der in ferfolch komt, dat doarre de manlju noch net te sizzen. "Ik weet niet of iedereen daar enthousiast van zou worden. Iets later op de dag zou nog prettiger zijn, al past het dan vaak niet meer."

Sels moatte se nei de training ek wer oan it wurk. "Ik ga hier even lekker ontbijten. Bakje koffie en dan ga ik me klaarmaken."

Als er een bal bij is, dan maakt het tijdstip niet uit.

Trainer Carlo Rietdijk

Trainer Carlo Rietdijk is wiis mei de opkomst. "Het zijn echte liefhebbers. En sportmannen, die altijd beter willen worden. Deze groep straalt die gretigheid wel uit. Als er een bal bij is, dan maakt het tijdstip niet uit."

Nei de training de trein yn

Miskien bliuwt it wol by ien kear, want it is noch net sa maklik foar elkenien. "We hebben te maken met verschillende privésituaties. Er zijn jongens bij die in Groningen studeren, die stappen straks in de trein. En er zijn jonge vaders bij." En guon moatte ek gewoan betiid wurkje: ien spiler wie der bygelyks net by omdat it wurk al om 6.00 oere begûn.

Keamerdebat

Bestjoerslid Sven Batstra hopet safolle mooglik teams de mooglikheid te jaan om te trainen. "Het is een hele puzzel. Dit is het eerste elftal, maar we hebben er nog 45. Dus we moeten kijken wie wanneer kan. Welke trainers zijn er beschikbaar, welke velden?" It bestjoer sil dermei oan de slach nei it debat yn de Twadde Keamer fan woansdei. Ferskate klups hoopje dat dêr noch wat ekstra romte achterwei komt.

De KNVB hat moandei bekend makke dat in soad wedstriden kommend wykein net trochgeane. Ek Hearrenfeanse Boys - Snits Wit Swart is skrast. "Maar misschien spelen we de week daarna wel", seit Rietdijk. "En er zijn meer redenen om in beweging te blijven. Na de winter willen we ook weer fit verschijnen."

Ynkakmomint?

Oer it nivo fan de training kin Rietdijk allinnich mar tefreden wêze. "Ik heb hier echt geen klagen. Iedereen wil beter worden, we trainen keihard. Wat een beleving, wat een enthousiasme. Ik ben heel blij dat ik hier trainer ben."

Nei de training is it wachtsjen op it ûnûntkombere 'ynkakmomint'. "Dat zal ergens aan het eind van de middag komen", tinkt Batstra. "Maar dan pakken we wel een extra bakje koffie."

(Advertinsje)
(Advertinsje)