Bootcamp yn Burgum: allinnich noch bûtendoar sporte nei fiven

30 nov 2021 - 07:59

Foar de measte sporten is it net mooglik om de gewoane trainingstiden oan te hâlden. Ferieningen begjinne mei trainingen yn it wykein, of ferskowe de trainingen nei mominten ier en betiid. Mar ek bûten is der sport.

It bootcampen kin, mei wat oanpassingen, trochgean

Guon sportklups, lykas BûtenGewoanFit yn Burgum, ha in útsûnderingsposysje. Yn groepkes fan fjouwer kinne se bûtendoar gewoan trochsporte. Ynstruktrise en eigener Tytsje Schievink-van der Meer moat alle kearen wer wat oars betinke om de sport oanbiede te kinnen. Moandeitejûn hat se de lessen bootcamp oanpast.

"Oars ha we twa lessen op ien jûn", fertelt se. "Der kinne sechstjin minsken by oanslute. No ha we dat ferdield yn meardere lessen en dan kinne der fjouwer minsken meidwaan."

Bootcamp yn it tsjuster yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Op oardel meter ôfstân fitnesse is goed te dwaan mei fjouwer persoanen. Fierder stean oeral ûntsmettingsmiddels.

Sûn bliuwe yn dizze tiid

"It fielt wol reedlik feilich, omdat it bûten is", fynt de ynstruktrise. "It is net in kontaktsport, dus eltsenien kin foar himsels sels oan de gong. En sporten bliuwt ien fan de wichtichste saken om sûn te bliuwen yn dizze tiid."

(Advertinsje)
(Advertinsje)