Noppert yn twadde ronde WK darts tsjin Ingelskman of Spanjert

30 nov 2021 - 07:32

Jouster darter Danny Noppert spilet yn syn earste wedstriid op it WK darts tsjin Jason Heaver (Ingelân) of Juan Francisco Rodríguez (Spanje). Dy twa steane yn de earste ronde tsjinoer elkoar. Noppert mei dy ronde oerslaan.

Danny Noppert - Foto: Kelly Deckers, PDC

It wurdt foar Noppert syn fjirde WK. By syn debút yn it Alexandra Palace yn Londen helle er de twadde ronde, de ôfrûne twa jier waard er yn de tredde ronde útskeakele.

Noppert is as achttjinde pleatst op it WK. De bêste 32 spilers fan de wrâld binne yn de earste ronde frij, dat jildt dus ek foar Noppert.

Wannear't Noppert syn wedstriid tsjin Heaver of Rodríguez spilet, is noch net bekend. It WK begjint op 15 desimber.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(Advertinsje)
(Advertinsje)