Liveblog | 30 novimber 2021

Coronanijs 30 novimber: Gynekolooch ropt froulju yn ferwachting op ta prik

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 30 novimber 2021, 22:46
22:45

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
21:08

230 boeten foar it negearjen fan karantêneplicht

Sûnt de ynfiering fan de karantêneplicht binne der 230 boeten útdield oan reizgers út gebieten mei in protte coronabesmettings. De boete foar it net neilibjen fan de plicht is 339 euro.
Alle reizgers dy't út it súden fan Afrika wei nei Nederlân kommen binne, krije besite fan in boa om te sjen oft immen echt thús is.
18:21

700.000 coronaboosters oan de ein fan de wike

Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge ferwachtet dat der foar de ein fan dizze wike 700.000 prikken mei coronaboosters set binne. Op dit stuit binne der noch mar 82.000 boosterprikken set. Definsje en medysk studinten sille meihelpe om te prikken. De Jonge wol dat sa folle minsken fan 60 jier en âlder as mooglik foar de Kryst harren boosterprik hân hawwe.
© Omrop Fryslân
17:56

Gynekolooch MCL ropt froulju yn ferwachting op har faksinearje te litten

Mear as de helte fan de froulju yn ferwachting dy't ûnder behanneling steane yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne net faksinearre. Dat seit gynekolooch Jelle Stekelenburg fan it sikehûs. Dat wylst der yn de ôfrûne wiken trije poppen dea berne as gefolch ûntstekkingen oan de plasinta, dy't mooglik werom te lieden binne nei in coronabesmetting.
Gynekolooch Jelle Stekelenburg fan it MCL © Omrop Fryslân
16:43

Hast 82.000 boosterprikken set

Neffens it RIVM hawwe 81.800 âlderein en soarchmeiwurkers oant no ta in boosterprik tsjin it coronafirus krigen. 13,2 miljoen minsken hawwe oant no ta ien faksinaasje krigen. 11,2 miljoen minsken hawwe twa prikken hân.
16:32

De Fryske Marren jout 1.000 euro foar QR-kontrôle