Coronanijs 30 novimber: Gynekolooch ropt froulju yn ferwachting op ta prik

30 nov 2021 - 22:45

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne 974 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân;
  • Lanlik giet it om 22.199 nije besmettingen;
  • Der lizze 91 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • RIVM: Omikron-fariant wie al earder yn Nederlân;
  • Frysk IC-haad pleitet foar 'fleksibele skyl' oan IC-bêden.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:45
Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.

21:08
230 boeten foar it negearjen fan karantêneplicht

Sûnt de ynfiering fan de karantêneplicht binne der 230 boeten útdield oan reizgers út gebieten mei in protte coronabesmettings. De boete foar it net neilibjen fan de plicht is 339 euro.

Alle reizgers dy't út it súden fan Afrika wei nei Nederlân kommen binne, krije besite fan in boa om te sjen oft immen echt thús is.

18:21
700.000 coronaboosters oan de ein fan de wike

Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge ferwachtet dat der foar de ein fan dizze wike 700.000 prikken mei coronaboosters set binne. Op dit stuit binne der noch mar 82.000 boosterprikken set. Definsje en medysk studinten sille meihelpe om te prikken. De Jonge wol dat sa folle minsken fan 60 jier en âlder as mooglik foar de Kryst harren boosterprik hân hawwe.

Foto: Omrop Fryslân
17:56
Gynekolooch MCL ropt froulju yn ferwachting op har faksinearje te litten

Mear as de helte fan de froulju yn ferwachting dy't ûnder behanneling steane yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne net faksinearre. Dat seit gynekolooch Jelle Stekelenburg fan it sikehûs. Dat wylst der yn de ôfrûne wiken trije poppen dea berne as gefolch ûntstekkingen oan de plasinta, dy't mooglik werom te lieden binne nei in coronabesmetting.

Gynekolooch Jelle Stekelenburg fan it MCL - Foto: Omrop Fryslân
16:43
Hast 82.000 boosterprikken set

Neffens it RIVM hawwe 81.800 âlderein en soarchmeiwurkers oant no ta in boosterprik tsjin it coronafirus krigen. 13,2 miljoen minsken hawwe oant no ta ien faksinaasje krigen. 11,2 miljoen minsken hawwe twa prikken hân.

16:18
Besmetting mei Omikron-fariant yn Nederlân

Bûten de fjirtjin minsken wêrby't de Omikron-fariant fêststeld waard, nei't se weromkamen út súdlik Afrika, is teminsten ien oare persoan besmet rekke mei de nije fariant. Dat meldt in wurdfierder fan it RIVM. Dizze persoan hat de ôfrûne tiid net reizge. Dat betsjut dat de besmetting yn Nederlân plakfûn hat.

15:52
RIVM: tal besmettingen liket te stabilisearjen

It is mooglik dat it tal nije besmettingen ôfflakket, seit it RIVM. De ôfrûne wike is dat tal nammentlik hast itselde as in wike earder. Ferline wike registrearre it RIVM noch 39 persint mear positive testen neffens in wike earder.

It RIVM sprekt fan in stabilisaasje, dy't mooglik it gefolch is fan de coronamaatregels dy't heal novimber oankundige waarden.

15:16
974 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 974 nije coronabesmettingen fêststeld, dat meldt it RIVM. Lanlik binne der 22.199 besmettingen fêststeld.

Twa stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan Flylân en Súdwest-Fryslân.

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert - Foto: LEO Middelsé, Lennard Geerts
14:51
In tredde part fan de sikehûzen skrast planbere soarch

In tredde part fan de Nederlânske sikehûzen skrast foarearst de planbere soarch. It giet om 25 sikehûzen, dy't ûnder oare knibbel- en heupoperaasjes skrasse. Dat binne der twa kear safolle as foarige wike, meldt de Nederlânske Soarchautoriteit (NZa).

De grutte stream fan coronapasjinten feroarsaket hieltyd mear druk op de sikehûssoarch. Njoggentjin sikehûzen kinne ek net altyd mear kritike planbere soarch oanbiede.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)