Covid-selstesten fleane de winkels út: "Wy moatte 'nee' ferkeapje"

29 nov 2021 - 20:33

De coronaselstesten fleane de winkels út. Hielendal nei de oankundigingen op de coronaparsekonferinesje fan freed. Dêryn waard it advys jûn om op covid te testen as je op besite gean. Ek by skoallen soene testen dien wurde kinne. Yn in soad winkels binne de selstesten útferkocht.

It is noch in hiele puzel om selstesten te finen:

Foar lytsere drogisten is it in hiele opjefte om noch oan testen te kommen. Drogisterijen fan gruttere ketens moatte ôfwachtsje oft it haadkantoar de bestellingen byhâlde kin.

Jolanda Kolstra fan de Etos yn Ljouwert merkt ek op dat it sûnt de lêste parsekonferinsje fan it kabinet hurd giet mei de testen yn de winkel. "Der komme in soad minsken foar. Wy jouwe no fjouwer testen de klant, om it wol te ferpartsjen oer de klanten. Mar ik tink wol dat wy oan de ein fan de dei útferkocht binne. Dan is it op, wy hawwe dizze wike ek gjin nije foarried binnenkrigen. It is wol spitich dat wy dan 'nee' ferkeapje moatte."

Foarried hâlde is in puzel

Ek Eldert Pijl fan Drogisterij Pijl fertelt dat it in poepetoer is om de foarried op oarder te hâlden. "It kostet in soad muoite, mar wy rêde it noch wol. Ik leau dat wy yn al dy wiken noch mar twa oerkes 'nee' ferkocht hawwe, mar wy hawwe foar de rest altyd foarried hân."

Foto: ANP

Dochs is dat wol in puzel, jout er ta. "Wy lizze kontakt mei gruthannels, ynformearje wat der op foarried is en skeakelje fluch as der wer in partij binnen komt. It is echt sykjen om grutte distributeurs en gruthannelers. It komt oeral wei, fan Vlissingen oant Dokkum. Mar it bliuwt ôfwachtsjen wat der bart."

De ferkeap fan selstesten rint hurd yn Ljouwert

Koepelorganisaasje Centraal Bureau Drogisterijbedrijven (CBD) erkent de 'run' op de testen, mar jout oan dat de foarrieden dizze wike wer oanfolle wurde. Sûnt de parsekonferinsje soene de omsetten yn drogisterijen mei sa'n 50 persint tanommen wêze. By webshops soe it sels mear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)