KNVB leit part kompetysjes stil, Harkemase Boys mei jûns wol traine

29 nov 2021 - 19:33

Der binne moandei in tal wichtige besluten naam yn it amateurfuotbal. Harkemase Boys krijt as klup yn de TOTO KNVB-beker in ûtheffing om op jûntiid te trainen. Tagelyk hat de KNVB in part en de kompetysjes foar it kommende wykein stillein.

In training fan Harkemase Boys, begjin dit seizoen - Foto: Orange Pictures

It kabinet hat besletten dat de amateurklups dy't noch yn de TOTO KNVB-beker spylje in ûntheffing krije om nei 17.00 te trainen. De ûntheffing jildt foar yn totaal acht fuotbalferieningen, dy't dus no ûnder de topsport falle wat de coronaregels oanbelanget.

It is in beslút dat de oerheid yn oerlis mei de KNVB en it NOC*NSF naam hat. Harkemase Boys is de iennige Fryske amateurploech dy't foar de ûntheffing yn oanmerking komt. De ploech spilet op 15 desimber yn de KNVB-beker tsjin RKC Waalwijk.

Kompetysjes foar in part skrast

It fuotbalbûn KNVB hat de kompetysjes foar it kommende wykein foar in part stillein. Troch de coronamaatregel dat it sporten nei 17.00 oere net tastien is, komme in soad trainingen stil te lizzen. De KNVB makket ûnderskied tusken de A- en B-kategory.

Foar de A-kategory jildt dat der gjin regulier kompetysjeprogramma is foar de jongerein en de senioaren. Der meie allinne ynhelwedstriden trochgean, sa't it tal spile wedstriden foar elts team rjocht lutsen wurdt.

Foar de B-kategory (rekreative kompetysjes) jildt dat it reguliere programma wol trochgiet. De KNVB jout wol oan kûlantens te hawwen foar de teams dy't sels beslute net fuotbalje te wollen.

KNVB: woansdei op 'e nij beslút

De KNVB makket nei it debat dat woansdei yn de Twadde Keamer hâlden wurdt in beslút oer de folgjende twa wykeinen fan 11-12 en 18-19 desimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)