Freonen Frysk Ynstitút ha noed oer stúdzje Frysk oan de RUG yn Grins

29 nov 2021 - 18:34

It bestjoer fan Stifting Freonen Frysk Ynstitút hat noed oer de stúdzje Frysk oan Rijksuniversiteit Groningen. De stúdzje is sûnt 2013 ûnderbrocht by Minorities & Multilingualism. Se fine dat it Frysk dêrmei gjin folweardich fak mear is.

Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins - Foto: Shutterstock

Dat skriuwt it bestjoer yn in ynstjoerd stik yn de Leeuwarder Courant. "It probleem is dat it gjin folweardige stúdzje mear is mei in bachelor-master-struktuer", seit bestjoerslid Dirk Jan Muntendam. Yn plak fan in pear jier kennis fan it fakgebiet opdwaan is it no allinne noch mar in master mei oan de ein wat marginaal omtinken foar Frysk.

"It is wol de twadde rykstaal en dy kin net goed bestudearre wurde." Neffens him is dat dien út in ekonomysk motyf. "De universiteit krijt jild foar eltse ôfstudearre en sa'n lytse stúdzje is net rendabel. It Frysk stiet yn de wet en dan moat it ek oanbod der wêze."

Net nei Ljouwert

Neffens Muntendam is it gjin opsje om de stúdzje nei Campus Fryslân yn Ljouwert te ferpleatsen. "It hat krekt syn foardiel dat it yn Grins is, want dan hast ynteraksje mei oare taalstúdzjes." De universiteit moat it ek oanbieden bliuwe. Neffens him is de polityk oan set. Der hat al in petear mei deputearre Sietske Poepjes west.

Dirk Jan Muntendam

(Advertinsje)
(Advertinsje)