IC-haad Peter van der Voort pleitet foar 'fleksibele skyl' yn tal IC-bêden

29 nov 2021 - 18:08

Der soe in 'fleksibele skyl' komme moatte om mear intensive care-bêden brûke te kinnen as dêr ferlet fan is, seit Peter van der Voort fan Boksum as IC-haad by it UMCG yn Grins.

Peter van der Voort - Foto: ANP

Van der Voort fynt dat Nederlân ta moat nei sa'n 1.150 bêden dy't ek altyd beskikber bliuwe foar de langere termyn. Troch ferskate oarsaken leit it oantal beskikbere bêden no leger. "Je zult een flexibele schil moeten hebben die je kunt inzetten als er een hogere vraag is, zoals bijvoorbeeld bij de covid-pandemie. Zodat je kunt opschalen als het nodig is."

Op dit stuit binne der sa'n 1.110 bêden beskikber, wêrfan't der 960 beset binne. Fan dizze pasjinten hawwe 563 it coronafirus. Yn Fryslân lizze op dit stuit 16 coronapasjinten op de IC.

Fraach en oanbod

It oanbod fan beskikbere IC-bêden yn Nederlân is keppele oan de fraach, leit it ôfdielingshaad út. "Het is niet zo dat de overheid bewust door bezuinigingen het aantal IC-bedden laag heeft gehouden. Ziekenhuizen bepalen zelf hoeveel bedden ze in de lucht houden. Maar het is natuurlijk wel zo dat een ziekenhuis graag de begroting rond heeft en niet graag geld geeft aan IC-bedden die leeg staan. Zo is het eigenlijk een balans geworden van vraag en aanbod."

Miljoen euro it jier

In intensive care-bêd is gewoan tige djoer, seit Van der Voort. "Om een IC-bed in de lucht te houden, met personeel, medicijnen, apparatuur en huisvesting, kost bijna een miljoen euro per jaar."

Gjin tekoart, mar troch pandemy wol

Mei de 1.110 bêden koe de soarch dy't gewoanwei nedich wie, goed levere wurde. "In die zin was er geen tekort, maar nu met de grote vraag vanuit de pandemie wel. Op dit moment hebben we onvoldoende IC-bedden om iedereen die reguliere zorg nodig heeft en alle mensen die covid-zorg nodig hebben op te vangen. Het is nu passen en meten."

Ofdielingshaad Peter van der Voort fan de IC fan it UMCG yn Grins

Dêr is wol ekstra IC-personiel foar nedich, jout Van der Voort oan. Mar der wurdt wurke oan it oplossen fan it kapasiteitsfraachstik. "Wij hebben nu geen 30 in opleiding op onze IC, maar 50 verpleegkundigen. Dus we zijn al flink opgeschaald." Ek foarsjocht in nije CAO yn in heger lean, seit Van der Voort. "Dat is mooi, maar daarnaast gaat het er ook om dat je de ruimte krijgt om je vak goed uit te oefenen, om je te ontwikkelen en zeggenschap over je werk kunt hebben."

Syktefersom en swierens

De intensive cares wrakselje op dit stuit mei twa bykommende problemen, seit hy. "Dat we al ruim anderhalf jaar met covid bezig zijn, heeft mensen zowel fysiek als mentaal heel erg vermoeid. Dat leidt tot een hoog ziekteverzuim. En er zijn veel zwangere verpleegkundigen. Er werken vaak jonge vrouwen op de intensive care, dus dat komt er nog eens bovenop."

(Advertinsje)
(Advertinsje)