CDA Fryslân wol dat útstjit stikstof yn de praktyk metten wurdt

CDA Fryslân fynt dat de útstjit fan stikstof yn de praktyk metten wurde moat, yn stee fan dat der wurke wurdt mei modellen. De Fryske ôfdieling tsjinnet dêr in moasje oer yn by it partijkongres op 11 desimber.
In CDA-boerd by in pleats © ANP
De útstjit en de delslach fan stikstof yn beskerme natuergebieten wurdt foar in grut part taskreaun oan de feehâlderij. Neffens CDA Fryslân wurde der yn de praktyk mar in pear mjittingen nei dien. Fierder wurdt rekkene mei it saneamde AERIUS-rekkenmodel, wêrfan't net dúdlik is oft it yn de praktyk wol kloppet. Dat soe oarsom moatte, fynt it Fryske CDA.

CDA wol gjin útkeapjen

CDA Fryslân keart him bot tsjin it twongen útkeapjen fan boeren. "Verplichte uitkoop van boerenbedrijven mag niet plaatsvinden, totdat is aangetoond dat hiermee daadwerkelijk winst wordt behaald voor het naastliggende Natura2000 gebied", sa skriuwt de fraksje.